De Oertocht fan 26 novimber 2019 17:30

De boeren op Skiermûntseach helje iten foar de kij fan de fêste wâl. De guozzen ite op it eilân it measte gers op. We folgje Peter Visser en komme op syn pleats, wêr heit ek noch wennet en hearre hoe it bedriuw troch de jierren feroare is.

De pleats is no Kampeerboederij Duinhoeve wurden, in kombinaasje fan buorkje en toerisme.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)