De Oertocht fan 25 oktober 2017 18:45

Piet Paulusma hat moai waar foarsein en dat betsjut dat der wer in soad minsken nei Holwert komme. Arjan Barendsen is jierren lyn fan Zuthpen nei Holwert ferhuze om’t der wat oars woe as in normale kantoarbaan. En dat hat er krigen. En we komme Madnes festivalgongers tsjin op de weromreis. Se binne net allegearre sûnder ferwûningen werom kaam fan dit aktive festival.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)