De Oertocht fan 20 septimber 2017 18:45

De Oertocht giet op 'en paad mei kapitein Willem Groenewold op de feartsjinst fan It Amelân. Der wurdt ekstreem leech wetter ferwachte en dat kin foar grutte problemen soargje ûnder de oertocht. Fierder moetsje wy yn Holwert morfolooch Ernst Lofvers. Hy fertelt oer de oarsaken fan it hieltyd ûndjipper wurdende waad tusken Holwert en It Amelân. Ek fleane wy mei in helikopter oer de geul foar in inspeksje.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)