De Oertocht fan 20 desimber 2017 18:45

Yn dizze lêste Oertocht binne we by de iepen dei fan Wagenborg op Lauwerseach. Kapitein Stefan Teuben docht mei oan in brânwachtoefening op Skiermûntseach. En we sjogge noch efkes by de opbou fan it ynterieur fan de nije snelboat nei It Amelân dy’t yn 2018 yn gebrûk naam wurdt.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)