De Oertocht fan 19 novimber 2019 17:30

Jelte Bandstra wurket as matroas, stjoerman en ferkearslieder op de boat nei Skiermûntseach. Hy fytst alle dagen nei syn wurk. We folgje Jelte by syn moarns ritueel troch de Lauwersmarpolder en de rein.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)