De Oertocht fan 15 oktober 2019 17:30

De ferhûzing: Bern bliuwe hieltyd langer by heit en mem, mar net op in eilân. Dêr moatst op dyn 16e al op dy sels stean. We folgje Sven Drost dy't al hiel jong op himsels wenje moat. Dreech foar mem mar Sven hat der no al wol nocht oan.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(advertinsje)