De Oertocht fan 13 desimber 2017 18:45

De Oerd moat foar in spoedreparaasje nei de werf. Foar it drokke wykein moat it skip wer klear wêze. We folgje hoe't de nije oandriuwing yn it skip takele wurdt en dêrnei it testen. Is it skip wetterticht? Op Skier wurdt in oaljeramp oefene en yn Holwert is moarns in ekstra asfalttransport nei It Amelân.

De Oertocht

Yn De Oertocht is Omrop Fryslân op syk nei de ferhalen op en efter de fearboat fan It Amelân en Skiermûntseach. Jierliks stappe tûzenen reizgers op de fearboaten fan It Amelân en Skiermûntseach. Hoe ferfolgje sy harren reis as se de oertocht makke hawwe?
(Advertinsje)