De middei fan Fryslân fan 9 oktober 2018 13:00

Stel dy foar: freed is dyn grutte dei. Dyn brulloft. Alles is eins klear. De fotograaf hat it roltsje leech en hat de finger traint om tûzenen plaatsjes te sjitten. De sipeltsjes, salade en paprika's binne al snien foar it lekkere diner foar de jûn. De breidsfamkes ha de jurkjes oan en de band hat de hiele wike oefene op dyn favorite nûmers.

Anke is har jurk kwyt en se troud freed, oeps!

Wat is foar de 'measte' froulju no hiel, hiel, hiel belangryk op de houliksdei? Krekt, de breidsjurk! En lit dy no kwyt wêze. Of kwyt... net besoarge yn elts gefal.

Dat is der oan 'e hân by Anke Dijkstra. Anke komt oarspronklik fan Stiens, mar wennet no yn Amsterdam en sy hat in grut probleem.

"Ik hie de jurk online besteld út Australië en dy wie begjin septimber al oankommen", fertelt se. "Mar der barde net sa'n soad op de Track&Trace, dus besleat ik de klanteservice te beljen. De jurk wie al frijjûn troch de dûane. It soe dan noch maksimaal 15 wurkdagen duorje moatte. Mar ik seach noch hieltyd neat feroarjen op de Track&Trace."

"Doe't ik PostNL wer oan de line hie, seinen se dat se net wisten wêr't it pakket wie. In oar persoan sei wer dat it noch wol 30 dagen duorje soe. Wer in oar sei dat de jurk ôfrûne freed besoarge wurde soe."

Anke waard dus fan 'e muorre nei it sket stjoerd. Mar yntusken komt har brulloft hieltyd tichterby. No hat Anke wol in reservejurk, mar se wol fansels har spesjale jurk út Australië oan.

Goed nijs foar Anke

Der liket dochs noch hoop te wezen. Omrop Fryslân hat kontakt hân mei Yvonne, dy't by de backoffice fan PostNL yn Fryslân wurket. Yvonne wie sa aardich om efter har kompjûter te dûken en se seach dat in Fryske kollega fan har der behoarlik mei oan de gong west hie foar Anke.

Dy kollega hie hiel goed nijs. Anke har jurk út Australië is terjochte en wurdt woansdei einliks by de breid besoarge! Krekt op tiid foar de brulloft dus.

13:05 - J. Geils Band - Freeze Frame
13:09 - Revivalists - All My Friends
13:15 - Gers Pardoel - Louise
13:18 - Ricky Martin - Maria
13:23 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
13:37 - Madonna - Open Your Heart
13:40 - Sia Labrinth & Diplo - Thunderclouds
13:50 - Stromae - Formidable
13:53 - E.L.O. - Hold On Tight
14:06 - Pretenders - Brass In Pocket
14:09 - Anne-Marie - Ciao Adios
14:15 - Niall Horan - Flicker
14:19 - The Given Horse - Praten
14:23 - Duke - So In Love
14:37 - Daddy Yankee - Dura
14:40 - Billy Joel - We Didn't Start The Fire
14:46 - Ultimate Kaos - Casanova
14:51 - Coldplay - Clocks
14:55 - Die Twa - Sinnewaarmte
15:06 - Ed Sheeran - Castle On The Hill
15:10 - Salt 'n' Peppa - Let's Talk About Sex
15:14 - Isaac Gracie - Terrified
15:18 - Hooters - Satellite
15:22 - Dean Lewis - Be Alright
15:25 - Elvis Presley - Jailhouse Rock
15:35 - John Newman - Come And Get It
15:38 - Jess Glynne - All I Am
15:48 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
15:51 - Jack Bottleneck & Johan Keus - Net Mei Bemuoie
15:54 - Chris Isaak - Blue Hotel

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)