De middei fan Fryslân fan 9 maaie 2016 13:00

    Geert van Tuinen iepenet de middei mei fuotbaltrainer Henk de Jong. Hy begûn ferline jier as trainer fan Cambuur ambisjeus oan it tredde seizoen fan de Ljouwerters yn de earedifyzje. Mar wat in moai seizoen wurde moast, einige yn in desepsje. Henk naam yn febrewaris it beslút om op te stappen as coach en trainer. Fansels hat er de prestaasjes fan syn klup yn de gaten holden en seach ek hy hoe't Cambuur der net yn slagge earedivisionist te bliuwen. Wat docht dat mei him? En wat hat er no by de ein?

    Freon fan de show is Geart Tigchelaar. Hy is moandei 18 april begûn oan syn wrâldreis op de fyts. Hy hat grutte plannen om de hiele wrâld oer te fytsen en brûkt alle ferhalen dy't er tsjinkomt as ynspiraasje foar syn boeken. Hy hat nammentlik al trije boeken útbrocht en wol dêr mei trochgean. En sa'n wrâldreis is fansels perfekt om bysûndere minsken en ferhalen tsjin te kommen.

    Wy ha al in pear kear kontakt mei him hân: arsjitekt Wopke Schaafstal yn Beijing. Mar de lêste kear is al wer in skoftke lyn, dus heech tiid om wer efkes mei Sina te beljen. Want Wopke hat nijs: hy hat in nije baan fûn! En Wopke is boppedat drok dwaande mei it opsetten fan in PvdA-ôfdieling yn Sina.

    En Lars Hoekstra fan de Online Redaksje skoot oan om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

    Henk de Jong

    • Henk de Jong

    Geart Tigchelaar yn Sweden

    • Geart Tigchelaar yn Sweden

    Wopke Schaafstal yn Beijing

    • Wopke Schaafstal yn Beijing

    Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

    • Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

    13:10 - Wham - Freedom
    13:26 - Prince And The Revolution - Purple Rain
    13:33 - Inner Circle - Games People Play
    13:43 - Andre Hazes - Ga


    14:04 - Warm Sounds - Birds And Bees
    14:09 - Jimmy Cliff - Reggea Night
    14:19 - Judds - Why Not Me?
    14:24 - Pink - Just Like Fire
    14:28 - Dakota Moon - Another Day Goes By
    14:34 - Of Monsters And Men - Little Talks
    14:38 - Echosmith - Cool Kids
    14:42 - Wind Earth & Fire - And Love Goes On
    14:53 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien


    15:06 - Boyzone - Picture Of You
    15:11 - Midge Ure - If I Was
    15:23 - B.B. King - Ain't Nobody Home
    15:27 - De Kast - De Tijd Tikt Door
    15:33 - Magic - Rude
    15:43 - Debarge - Rythm Of The Night
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)