Hy komt fan It Hearrenfean. Is krekt werom út Súd-Afrika foar syn wurk. Hy hat in goed drok súksesfol jier achter de rêch. Want hoe siet it ek alwer? Grappich ferhaal: Hy waard bekend trochdat ien in foto fan him naam op Pinkpop by it konsert fan Justin Bieber. En de rest is skiednis. Hy waard bekend by it grutte publyk op social media. En dus pakte hy syn passy wer op: DJ'en. En kinst wol sizze dat dat goed útpakt is, want hy giet no de hiele wrâld oer foar syn sjo's. Ik belje fan 'e middei mei him: Boy Roeles fan It Hearrenfean!
Har baaske Elies Hoeksma út Minnertsgea wol har sa graach werom. Want har hûn Yfke is al in pear moannen fermist. En no is it wol faker sa dat bisten ris fuortbinne of fermist... mar dit is wol hiel spesjaal, want grutte aksjes op Facebook en aksjeteams binne op tou set om Yfke werom te finen. It liket wol of is se fan de ierdboaiem ferdwûn. Speurhûnen binne ynset, minsken wurde oansprutsen op strjitte oft se Yfke ek sjoen ha en se ha by tal fan huzen del west om te freegjen oft se har ek sjoen hawwe. Mar noch gjin spoar fan Yfke...... en ik snap hiel goed dat baaske Elies Hoeksma har hûn graach werom wol, dus belje wy fan 'e middei mei har. Foar mear ynformaasje oer Yfke kinst nei de Facebookside ''Waar is Yfke'' of kontakt opnimme mei Elies Hoeksma tel. 06 - 15 51 76 07, e-mail: elies.edv@gmail.com.
En fansels komt de online redaksje ek op besite.