De middei fan Fryslân fan 7 jannewaris 2016 13:00

It is tongersdei, dus tiid foar De Koer fan Fryslân. Hjoed foar de lêste kear, want de koer ferhuzet wer nei syn âlde, fertroude plakje op sneontemiddei. Annewijke Wiersma út Bûtenpost is de lêste dy't de Koer kriget op tongersdeitemiddei. Sy krige him fan Douwe Broersma. Annewijke docht frijwilligerswurk yn Armenië, dêr't se mei guod en projekten besiket om minsken te helpen.

Wy belje mei studint Jasper van der Wal. Hy is earste jiers studint Kommunikaasje op de NHL yn Ljouwert. Hy hat ein ferline jier in projekt dien mei kollega studinten om foar Tûmba in pr-konsept te betinken foar harren Museum of Love. Dit museum bestiet noch net, mar it plan is om dat yn 2018 te iepenjen. Mar hoe kin Tûmba it no al bekend meitsje? Dat wie de fraach foar it projekt, dêr't kommunikaasje studinten oan mei diene. En it idee fan de groep fan Jasper wûn de publykspriis.

It is hjoed presys in jier lyn dat yn Parys de oanslaggen wiene op it haadkantoar fan it satyryske tiidskrift Charlie Hebdo. By de oanslach kamen 12 minsken om it libben. Wy hiene in jier lyn kontakt mei Rolf Bonnema yn Parys. Hy hat dêr in fytsesaak. En no ha wy him wer oan de telefoan.

Fansels ha wy wer efkes kontakt mei Mariska Tuinier fan de Vinyl50. En ta beslút komt kollega Ronald van der Pol fan de Online Redaksje lâns om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

Annewijke Wiersma hat de Koer fan Fryslân

Studint Jasper van der Wal

Rolf Bonnema yn Parys

Mariska Tuinier oer de Vinyl50

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:08 - Paul Simon - You Can Call Me Al
13:15 - Matt Simons - Catch And Release
13:26 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
13:37 - Bill Withers - Lovely Day
13:41 - Meghan Trainor & John Legend - Like I'm Gonna Lose You
13:50 - Acda En De Munnik - Het Regent Zonnestralen


14:08 - Jimmy Cliff - Wonderful World Beautiful People
14:14 - Anita Meyer - Why Tell Me Why
14:18 - Kensington - Done With It
14:29 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
14:38 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
14:40 - Rolling Home - It Liende Lan
14:45 - Madness - Embarrassment
14:54 - Avicii - Addicted To You


15:05 - Chumbawamba - Tubthumping
15:11 - Alan Parsons Project - Don't Answer Me
15:21 - Amy Winehouse - Back To Black
15:25 - One Direction - Perfect
15:35 - Overdrive Bachman, Turner - You Ain't Seen Nothing Yet
15:44 - Boys Town Gang - Signed, Sealed Delivered (I`M Yours)
15:53 - John Denver - Leaving On A Jet Plane
Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)