De middei fan Fryslân fan 6 maart 2019 13:00

    Goeiemiddei, dit is De middei fan Fryslân fan woansdei 6 maart 2019!

    De dei dat we it ha sille oer in spesjale Bak Battle organisearre troch sjefkok Reitse Spanninga foar Sietske Poepjes en kollega Esther de Lange. 

    En ek moade-ûntwerpster Moniek Miedema is te gast. Sy hat in unyk systeem betocht om te sjen wêr't klean makke binne en ek har eigen kolleksje komt oan 'e oarder. 

    Bakbattle fan Reitse Spanninga mei Sietske Poepjes yn de haadrol

    Deputearre Sietske Poepjes joech harsels in skoftke lyn op foar it tv-programma Heel Holland Bakt. Se moat noch troch de seleksje komme, mar at se meidwaan mei, dan moat se fansels de bêste tarieding krije dy't der is. En wa kin har no better alle knepen fan it fak leare as ús eigen sjefkok Reitse Spanninga? Dêrom hat Spaninga in saneamde 'bakbattle' organisearre. Poepjes sil de striid oangean mei CDA-Europarlemintariër Esther de Lange, dy't ek graach bakke mei. Reitse en Sietske fertelle alles deroer yn dit programma. 

    Moade-ûntwerpster Moniek Miedema komt mei unyk track en trace systeem foar klean

    Do hast it fêst wol ris kocht. In trui, shirt, broek of in pear sokken...mar wêr't it no krekt weikomt of troch wa't it makke is.... dat stiet der net op. En ik tink ek net, datst it altyd echt witte wolst. Mar it kin ek oars in Frysk moade-ûntwerpster komt mei in kolleksje klean én in bypassend UNYK track en trace systeem, dizze simmer, wêrby'tst dus hiel goed sjen kinst...wêr it makke is, hoe it makke is, troch wa en fan welke stoffen it makke is. De kolleksje hjit ByOni en is fan Moniek Miedema út Wirdum.

    13:04 - Robbie Williams - Millennium
    13:07 - Eliza Doolittle - Pack Up
    13:14 - Liam Payne Jonas Blue & Lennon - Polaroid
    13:17 - Ernst Langhout - Ruzjend Yn 'e Wyn
    13:21 - Golden Earring - Twilight Zone
    13:25 - Harry Styles - Sign Of The Times
    13:36 - Blues Brothers - Everybody Needs Somebody
    13:40 - James Morrison & Joss Stone - My Love Goes On
    13:50 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
    13:53 - Fleetwood Mac - Dreams
    14:04 - Eurythmics - There Must Be An Angel
    14:08 - 5 Seconds Of Summer - Youngblood
    14:19 - Tim Douwsma - Fryslan
    14:23 - Calvin Harris Ft. Rag'n'bone Man - Giant
    14:35 - Panic At The Disco - High Hopes
    14:39 - Santa Esmeralda - Don't Let Me Be Misunderstood
    14:45 - Bryan Adams & Melanie C. - When You're Gone
    14:48 - Waldfame - Myn Lytse Faam
    14:52 - Bruno Mars - Locked Out Of Heaven
    14:56 - George Harrison - Got My Mind Set On You


    15:05 - Mika - Relax, Take It Easy
    15:09 - Poema's - Mijn Houten Hart
    15:22 - Pink - Just Give Me A Reason
    15:26 - Suzanne Vega - Luka
    15:40 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    15:43 - Ilse Delange - Half The Love
    15:51 - Christina Aguilera - Genie In A Bottle
    15:54 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)