De middei fan Fryslân fan 5 oktober 2017 13:00

En wat bisto hjoed oan it dwaan? Lit it witte en stjoer in berjocht nei de Omrop App of fia 06 20 499 199.

Oantinkens oan Maeike Sijtsma

  • Maeike Sijtsma

It is hjoed alwer 5 jier lyn dat Maeike Sijtsma ferstoar op 29-jierrige leeftiid. De sjongeres fan Three-Ality wêrmei't sy yn 2002 winner fan Liet waarden. Letter leadsjongeres fan Souldada mar ek wurke sy as eftergrûnsjongeres mei in soad Fryske artysten fan Twarres en De Kast oant Iris Kroes. Hjoed helje we wat oantinkens op. Op har kompjûter stie noch in hiel bysûnder ferske en dat meie we hearre litte fan har âlders.

Linda mei Gizmo en Kenzo

  • Linda Colijn oer de Gizmo en Kenzo

Juster op bistedei ha we in oprop dien foar in nij baaske foar Gizmo en Kenzo. Gizmo en Kenzo binne 2 chihuahua's dy't tegearre binnenbrocht binne by bisteopfang de Wissel yn Ljouwert. Se binne echt in setsje en altyd by elkoar. Se lizze ek by elkoar yn de koer. It duo makket wol wat leven, benammen as se oerdeis allinne thús binne. De eardere baaskes krigen dêr klachten oer fan de buorlju. It leafst minsken dy't frij wenje en dy't de bisten sa min mooglik allinne litte. Dus in plak op in appartemint, yn in rychjeshûs of hûs mei buorlju is net geskikt.
Gizmo en Kenzo binne beide mantsjes. Kenzo hat lang hier en is goed fiif jier. Gizmo hat kort hier en is fjouwer jier. Kenzo is in iepen en frij hûntsje dat hiel fleurich oerkomt, hy ken al wat kommando's en kinst goed kontakt meitsje. Minsken, hûnen en katten fynt er prima. Gizmo is wat ûnwisser mar ek leaf, hinget bot oan Kenzo en is it leafst by syn maatsje. Gizmo kin by wat gruttere bern, net by jonge bern, en is wat ôfwachtsjend nei frjemden, mar mei hûnen en katten hat er gjin probleem. It duo moat geregeld oan de beage útlitten wurde.

Mar hat ús oprop al in nij baaske opsmieten? Linda fan opfang de Wissel fertelt it ús.

Oare belangstellenden kinne ek kontakt opnimme mei De Wissel (058-2664300). Dat kin tusken 10.00-12.00 oere en tusken 14.00-17.00 oere. Op woansdeis en sneins is it asyl ticht. En sneon is der in iepen dei!

13:06 - Right Said Fred - Don't Talk Just Kiss
13:09 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
13:15 - Aerosmith - Pink
13:18 - Iris Kroes - Thus
13:22 - Bruno Mars - 24K Magik
13:34 - Chumbawamba - Tubthumping
13:37 - Counting Crows - Big Yellow Taxi
13:49 - Fine Young Cannibales - She Drives Me Crazy
13:53 - Erma Franklin - Piece Of My Heart
13:55 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
14:05 - Erasure - Sometimes
14:08 - Dua Lipa - Be The One
14:16 - Grytz & Grize - Route Soleil
14:19 - Armin Van Buuren - Sunny Days
14:23 - Curtis Stigers - I Wonder Why
14:35 - Justin Bieber & Bloodpop - Friends
14:38 - Marillion - Kayleigh
14:43 - Vanessa Paradis - Be My Baby
14:48 - Johannes Rypma - In Groet
14:51 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
14:55 - Abc - The Look Of Love
15:06 - Omi - Cheerleader
15:09 - Rolling Stones - Anybody Seen My Baby
15:18 - Corrs - Radio
15:22 - Julian Lennon - Too Late For Goodbye
15:33 - Tove Lo - Stay High (Habits Remix)
15:37 - Young Gun Silver Fox - Midnight In Richmont
15:45 - Van Wieren & Yvonne Bleize - Ien
15:50 - M People - Moving On Up
15:53 - Joe Jackson - Is She Really Going Out With Him (Live)
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)