De middei fan Fryslân fan 5 novimber 2015 13:00

It is tongersdei, dus wy folgje wer de Koer fan Fryslân op syn reis troch de provinsje. De koer wie by Tanja Ausma yn Oerterp. Sy joech de koer troch oan Jellie de Roos út Drachten. Jellie is in freondinne en hat 22 jier yn it basisûnderwiis wurke. Dêr rûn se tsjin saken yn it ûnderwiissysteem oan en hat se úteinlik de kar makke om der sels wat oan te dwaan. Jellie hat in 'kant en klaar concept' foar it ûnderwiis betocht, dat ynset wurde kin foar alle bern. Se skriuwt dêr ek in boek oer.

Annamarije Smedema út Ie is 21 jier en studearret oan de oplieding Specialist mode/maatkleding oan it Friesland College. Ynkoarten sil sy foar staazje nei New York City, dêr't se in staazjeplak by it merk The Row regele hat. Mar dat kostet fansels in soad jild. Dêrom is se drok oan it crowdfunden. Wolsto har helpe? Les op har webside hoe't dat kin!

En wy krije bysûndere gasten yn de studio! Bar Hunks Wieger en Jeffrey komme nei de studio. Sy binne twa fan de tolve modellen op de kalinder fan Misset Horeca. Yn in ferkiezing binne se útroppen ta Bar Hunks. En der binne mear Friezen dy't poseare, bygelyks Youri fan Shooters en Tim fan de Toxbar op Skiermûntseach. En der is ek in Bar Babe út Fryslân: Manon fan Grand Café Bilgaard stiet op de kalinder. Dy kin fan jannewaris ôf besteld wurde by Misset Horeca

Alde LP's binne wer hielendal hip. Sa hip sels, dat Peter Funke en Mariska Tunier, muzykleafhawwers út Fryslân, dit hitlist foar LP's Vinyl50 opset hawwe. Mariska komt del om te fertellen oer de meast populêre platen op dit stuit.

En kollega Ronald van der Pol skoot wer efkes oan om te fertellen oer wat him op de nije media redaksje opfallen is yn it nijs.

Bar Hunks Wieger en Jeffrey wiene yn de studio

De Koer fan Fryslan wie by Jellie de Roos

Studint Annamarije Smedema giet nei New York

Mariska Tuinier fan de Vinyl50

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:10 - Nik Kershaw - The Riddle
13:17 - Creedence Clearwater Revival - I Heard It Through The Grapevine
13:29 - Marcel Smit - Reade Wyn
13:37 - Roy Orbison - I Drove All Night
13:41 - Racoon - Fun We Had
13:51 - Het Goede Doel - Gijzelaar


14:06 - Jackie Wilson - Reet Petite
14:12 - Hall & Oates - Adult Education
14:24 - Marco Borsato & Ali B. - Wat Zou Je Doen
14:32 - Simon Webbe - No Worries
14:35 - Grytz & Grize (Ft. Alisa) - Samar Wie't Oer
14:45 - Onerepublic - Counting Stars
14:50 - Aretha Franklin - Think


15:07 - Jamiroquai - Cosmic Girl
15:13 - Genesis - Throwing It All Away
15:29 - Johannes Rypma - In Libben Yn'e Rock & Roll (Play Me)
15:36 - Abba - Summer Night City
15:43 - Proclaimers - Letter From America
15:50 - Joey Dyser - 100 Years

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)