Se binne it iennichste frouljusteam, komme út Elslo en se neame harrensels: team Eigenwiis. Se ride nammentlik yn de Pink Ribbon âlde Volvo mei yn de barrelrace. It is Europa's grutste en gekste barrelrally om jild op te heljen foar it Pink Ribbon projekt. Hjoed starte se yn München en hoopje sa freed de einstreep yn Hongarije te heljen. In rûte fan 2500 kilometer fol mei snie, avontoer, útdaagjende wegen en prachtige natoer. En op it stuit binne se al yn Eastenryk.. De Stellingwerver froulju - Linda, Celesta en Simone - binne dêrom telefoanysk te gast yn De middei fan Fryslân.
Theun Plantinga sil de haadrol yn de Fryske ferzje fan de rockopera Tommy spylje. It is it ferhaal fan de legindaryske rockopera fan The Who. De sjonger en akteur fan Feanwâlden spile earder ûnder oare yn de musical Tina. Tommy is in film út 1975 basearre op de rockopera Tommy dy't yn 1969 útbrocht waard troch de Britske rockband The Who. En hy is dizze middei te gast by ús.
En Lars Hoekstra fan de online redaksje is ek te gast by Femke mei wat op it stuit hot is online.