De middei fan Fryslân fan 4 oktober 2017 13:00

    Se binne hot..wenje op in buorkerij en stean op in kalinder. It giet oer de trije Fryske froulju op de boerinnekalinder 2018. Trije fansels..want Fryslân hat gewoan hiele moaie froulju. Ien fan de froulju Irene Spoelstra út Sigerswâld hawwe wy oan de tillefoan!

    Se wie hjir fan 'e moarn ek al efkes by Johan yn Muzyk yn Bedriuw, mar ek dizze middei hat Femke twa hiele bysûndere gasten hjoed yn de studio op Dierendei! Wêrfan twa hiel sêft en op syk nei in baaske. Gizmo en Kenzo mei baaske Linda Colijn fan biste-opfang De Wissel hjir yn Ljouwert, Do kinst hjoed in bist adoptearje. Ja echt wier, dizze leave bisten sykje in nij baaske..miskien bisto dat wol?

    Irene Spoelstra stiet op de Boerinnekalinder 2018

    • Boerinnekalinder 2018 mei Irene Spoelstra út Sigerswâld

    Eke van der Werff-Dykstra is it nije baaske fan Gizmo!

    • Eke van der Werff-Dykstra is it nije baaske fan Gizmo

    Gizmo is in moaie grutte boarre fan sân jier. It is in 'beauty' om te sjen en hy hat in leaf karakter en is oanhinklik. Hy hâldt derfan om nei bûten te gean om op aventoer te gean. "Hij is speels en met zeven jaar niet oud, hij kan nog wel zeven jaar mee," fertelt Linda. "Het is echt een mensenkat, heel aanhankelijk. En ook mooi groot voor een gecastreerde kater." De kat kaam yn it asyl om't syn baaske in poppe krige en dêr rekke er fan oerstjoer. "Hij vond dat heel raar en kon daar niet goed mee overweg."

    Mar Gizmo hat in baaske fûn! Se hyt Eke van der Werff-Dykstra en komt fan Haskerdiken. "It like myn poes wol doe't ik de beskriuwing op de radio hearde. Myn poes ha ik ferline jier ynsliepe litte moatten nei't er fiif jier siik wie. Dat gie op it lêst net mear. It bistje is wol in jier as tolve wurden. It lake my wol oan en ik ha der net by stilstien dat er út it asyl komt." De Omrop regelet meikoarten in moeting mei De Wissel om te sjen oft der in klik is. Dêr hat se gjin noed oer. "Ik fyn alle bisten leuk, fan bisten kin ik mear as fan minsken."

    Gizmo en Kenzo sykje ek in baaske!

    • Twa chihuahua's yn de studio by Femke

    Wa sykje Gizmo en Kenzo?

    De twa chihuahua's binne tegearre binnenbrocht. Se binne echt in setsje en altyd by elkoar. Se lizze ek by elkoar yn de koer. It duo makket wol wat leven, benammen as se oerdeis allinne thús binne. De eardere baaskes krigen dêr klachten oer fan de buorlju. It leafst minsken dy't frij wenje en dy't de bisten sa min mooglik allinne litte. Dus in plak op in appartemint, yn in rychjeshûs of hûs mei buorlju is net geskikt.

    Wa binne Gizmo en Kenzo?

    It binne beide mantsjes. Kenzo hat lang hier en is goed fiif jier. Gizmo hat kort hier en is fjouwer jier. Kenzo is in iepen en frij hûntsje dat hiel fleurich oerkomt, hy ken al wat kommando's en kinst goed kontakt meitsje. Minsken, hûnen en katten fynt er prima. Gizmo is wat ûnwisser mar ek leaf, hinget bot oan Kenzo en is it leafst by syn maatsje. Gizmo kin by wat gruttere bern, net by jonge bern, en is wat ôfwachtsjend nei frjemden, mar mei hûnen en katten hat er gjin probleem. It duo moat geregeld oan de beage útlitten wurde.

    Skatsjes

    Femke de Walle is fuort ferkocht as se de hûntsjes sjocht. "It binne skatsjes." Neffens Linda fan De Wissel is it in bysûnder duo. "Ze zijn graag bij elkaar en kunnen heel goed samen. We willen ze het liefst samen herplaatsen, maar als dat niet lukt dan apart, dat is beter dan dat ze nog maanden in het asiel moeten blijven. Ze zijn heel aanhankelijk en zitten graag op je arm of schoot."

    Belangstelling?

    Belangstellenden kinne kontakt opnimme mei De Wissel (058-2664300). Dat kin tusken 10.00-12.00 oere en tusken 14.00-17.00 oere. Op woansdeis en sneins is it asyl ticht. Of stjoer in berjocht nei Omrop Fryslân fia de app of op 06-20499199.

    13:06 - Gavin Degraw - Chariot
    13:10 - Maroon 5 Ft. Sza - What Lovers Do
    13:16 - Lutricia Mcneal - My Side Of Town
    13:20 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
    13:23 - Kensington - Bridges
    13:39 - Ce Ce Peniston - Finally
    13:42 - Capital Cities - Safe And Sound
    13:46 - Harry Styles - Two Ghosts
    13:53 - 10Cc - Dreadlock Holiday
    14:03 - Labi Siffre - Something Inside So Strong
    14:08 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    14:15 - Sytse Haima - Beppe Is Cool
    14:18 - Lucas & Steve - Up Till Dawn
    14:22 - Oasis - Wonderwall
    14:36 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    14:40 - Gino Vannelli - Wild Horses
    14:47 - Hanson - Mmmbop
    14:52 - Stiet As Quo - Rocke Troch It Fryske Wald
    14:56 - Kt Tunstall - Black Horse & The Cherry Tree
    15:05 - Jason Derulo - Want To Want Me
    15:08 - Robbie Williams - Angels
    15:18 - B.O.B (Ft. Bruno Mars) - Nothin' On You
    15:22 - Desireless - Voyage Voyage
    15:37 - Sugababes - Push The Button
    15:41 - Huey Lewis & The News - Power Of Love
    15:48 - Sam Hunt - Body Like A Back Road
    15:51 - Pienn - Nim My Mei
    15:54 - Inner Cirlce - Sweat (A La La La Long)
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)