De middei fan Fryslân fan 4 maaie 2017 13:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Wa kin Lourens Looijenga fierder helpe?

  • Wa kin Lourens Looijenga fierder helpe?

Lourens Looijenga, sjoernalist mei grutte ynteresse yn de Twadde Wrâldoarloch, probearret út te sykjen wat der sa rûn 15 april 1945 bard is mei luitenant William Buddell fan de Royal Canadian Dragoons. Buddell is dwaande mei de befrijing fan Fryslân, wurdt delsketten en rekket swier ferwûne. Nei alle gedachten hat hy help krigen yn de buert fan Aldeholtwâlde. Hy wurdt op 16 april begroeven yn Meppel, mar dêr is hy net ferstoarn. Fanút Meppel is hy letter oerbrocht nei it Kanadeeske Begraafplak yn Holten. Mar wat is der no krekt bard mei Buddell en de Dragoons?
Reaksjes kin nei l.looijenga@hetnet.nl

Olga mei resept fan de oarlochstaart

  • Olga mei resept fan de oarlochstaart

Wat is oarlochstaart?? Olga fertelt in resept.

Hjir in gearfetting:
Yn de oarloch hiest gjin jild foar echte taart. Dus makkest in taartfoarm beskút, der dochst "kookpudding" oerhinne en dan in laach lange fingers of moalkoekjes. In nacht yn de koelkast en dan de oare deis ierdbeisjem en slachreamme der oerhinne en smikkelje mar.
Dit wurdt ek wol bakken taart neamd.

Leon Brinksma siket piloaten foar op syn tandemfyts

  • Leon Brinksma siket piloaten foar op syn tandemfyts

Leon Brinksma fan Snits is in jonge mei in lichte ferstanlike en fisuele beheining. Mar hy is tige sportyf en lit him net tsjinhâlde troch syn beheiningen. Sûnt 2013 hat hy it tandemhurdfytsen ûntdutsen. Hy traint net allinnich mar docht ek sukselfol mei oan wedstriden. Mar ja hy hat fansels wol in piloat nedich want sels is hy in gefaar op 'e wei. En dat is no krekt it probleem. Want sa'n piloat moat fansels in soad mei Leon traine en dan ek noch oan wedstriden meidwaan. Leon hat al ien piloat mar hy siket der noch ien. Sjoch ek www.frysketandem.nl of mail nei leon@frysketandem.nl.

Mariët Saakstra fan de online redaksje mei nijsgjirrige saken

  • Mariët Saakstra fan de online redaksje mei nijsgjirrige saken

13:06 - Wax - Right Between The Eyes
13:11 - Ilse Delange - I'd Be Yours
13:13 - Harry Styles - Sign Of The Times
13:18 - De Hunekop - Juf Janke
13:22 - Luv' - You're The Greatest Lover
13:25 - John Mayer - Who Says
13:35 - Pharrell Williams - Happy
13:39 - Izzy Bizu - Talking To You
13:51 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
13:55 - James Arthur - Say You Won't Let Go
14:05 - Beatles - Eleanor Rigby
14:07 - Steve Miller Band - Abracadabra
14:16 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
14:20 - Marcel Smit - Fryslan
14:24 - Lois Lane - I Wanna Be
14:35 - Magic - Rude
14:39 - Martin Garrix & Dua Lipa - Scared To Be Lonely (Edit)
14:44 - Time Bandits - Endless Road
14:50 - Ninelives - Stil By Te Stean
14:53 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You


15:08 - Weeknd Ft. Daft Punk - I Feel It Coming
15:21 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
15:24 - Country Wytske - Fereale As In Hin
15:35 - Anita Meyer - Why Tell Me Why
15:39 - Jp Cooper - September Song
15:47 - Fools Garden - Lemon Tree
15:52 - Peter Gabriel - Sledgehammer

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)