De middei fan Fryslân fan 4 april 2019 13:00

    It is de dei dat we besite krije fan sjongeres Pyn mei in bandlid fan brassband Greidebrass. Tegearre hawwe sy in single makke en fan 'e middei meie wy al in lyts stikje oan dy hearre litte. Se wolle der yn elk gefal de nije nûmer ien mei wurde yn de Fryske top 100.

    Ek belje we mei in man dy't altyd mar raak oan it swetsen is, it is sels syn artyste-achternamme. De Swetser, nou dan witsto fêst oer wa ik it haw! By belje dizze man daliks want hy hat in fraach oan dy.....

    Fansels, komme we ek wer mei in smaaklike tip fan Reitse yn De Menut fan Reitse! En de Plaat fan de Middei wêrby'sto stimme kinst op dyn favorite plaat komt foarby.

    PYN en Greidebrass oer ''Heitelân''

    Se wolle de nije nûmer ien wurde fan de Fryske top 100. Dêrom hawwe se de hannen yn ien slein. En dêr is it nûmer Heitelân út kaam. Ik haw it oer sjongeres PYN en brassband Greidebrass út Spannum.

    Frerik de Swetser siket figuranten foar syn nije klip

    De Menút fan Reitse

    Tongersdei 4 april: krûdesop
    Hjoed ite we fegetarysk! Ik ha in leuk resept oer sop, echte krûdesop.
    pinne by de hân? Dêr komt it:
    50 gram margarine
    60 gram blom
    1 fine sipel
    1 teantsje knyflôk
    2 bledsjes laurier
    1 liter grientebûljon
    1 dl rjemme
    en in protte farske krûden

    Om te begjinnen moatte jo farske krûden ha as biezelok, piterseeljes, maggyplant, roazemaryn neam mar op...Snij de krûden tige fyn. Hâld ¼ part apart foar de garnituer yn it sop.
    Nim in royale panne en lit de bûter útbrûzje. Doch der in fynsnijde sipel yn mei de laurierbledsjes. Lit de sipel net kleurje en doch dêrnei de krûden derby. Tink derom lichtjes oansette de krûden moatte net ferbaarne. Doch yn ien kear de blom derby en rier mei in spatel alles oant in bol. Doch no de kâlde bûljon derby, bytsje by bytsje en rier alles glêd mei in garde. Lit dit goed 10 minuten siere en doch der in flinke steal rjemme by, wer siere litte lekker meitsje mei sâlt en piper en helje it sop troch de souwe. Dan farske krûden yn in sopkom dwaan en der boppe-op it sop jitte... Jaah dat is lekker! Oant oare wike dan ha ik wer leuke tips foar jimme!

    13:05 - Tina Turner - Typical Male
    13:09 - Jamie Cullum - Mind Trick
    13:15 - Panic At The Disco - High Hopes
    13:18 - Marit - Libbenstier
    13:22 - Don Henley - The Boys Of Summer
    13:34 - Eros Ramazzotti - Piu Bella Cosa
    13:38 - Dido - Give You Up
    13:49 - Marymary - Shackles
    13:52 - Bruce Springsteen - I'm On Fire
    13:55 - Davina Michelle - Duurt Te Lang


    15:03 - Stereophonics - Have A Nice Day
    15:07 - Wilson Phillips - Hold On
    15:15 - Frerik De Swetser - Ik Wie Blyn
    15:18 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
    15:23 - Steve Winwood - Valerie
    15:35 - Glennis Grace & Edwin Evers - Wil Je Niet Nog 1 Nacht
    15:39 - Ilse Delange - Half The Love
    15:44 - Sweet - Love Is Like Oxygen
    15:47 - Lotte Broersma - Leaf, Leaver, Leafst
    15:51 - Meat Loaf - I'd Lie For You (And That's The Truth) (Single Version)

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)