De middei fan Fryslân fan 31 maaie 2016 13:00

Yn Omrop Help hjoed keunstner Hein de Graaf út Ljouwert: hy siket âlde stimpels. Hy is drok dwaande om in keunstwurk te meitsjen mei stimpels út eartiids. In soad basisskoallen brûkten dizze stimpels by skiednislessen of ierdrykskunde. It wiene dat bygelyks taferielen út de skiednis: lykas de bestoarming fan de bastille, de slag by Nieuwpoort of de befrijing fan Nederlân. Hein hat yntusken al in pear stimpeldoazen krige fan in skoalle út Utrecht, mar siket dus noch folle mear stimpels. Wa hat soks noch yn de kast lizzen?

Jordy Gerritsma is 16 jier en model!

Wy witte dat der út Fryslân prachtige froulike modellen komme: tink oan Doutzen Kroes en Milou Groenewoud. Mar ús provinsje telt ek hiel wat talint as it giet om moaie mannen. Ien fan harren is Jordy Gerritsma út Boalsert. Dit 16-jierrige talint hat noch mar krekt syn eksamens achter de kiezzen en fokust him no noch mar op ien ding: ynternasjonaal trochbrekke as model.

Janneke Abma is no yn Assisi

Janneke Abma is 1 maaie begûn oan har reis op de Vespa nei Rome. Koartlyn is har man ferstoarn en omdat sy tegearre fanatike Italië leafhawwers wiene, hat Janneke besletten om ta neitins oan har man foar har 50e jierdei in tocht nei Italië te meitsjen. Al mei al sil de reis sa'n acht wike duorje. Hoe giet it mei har en wêr is se no? We hearre it fan 'e middei!

Sietske van der Mei oer de Slachtemarathon

No sneon 4 juny is it safier: de Slachtemaraton. De moaiste kuiertocht fan Fryslân hat al tûzenen kuierders yn de macht. Oeral dêr'st komst binne minsken oan it oefenjen foar dizze prachtige tocht. Mar wa't it der ek smoardrok mei ha, binne de tûzenen frijwilligers dy't de boel yn goede banen liede moatte. Ien fan harren is Sietske van der Mei fan Tsjummearum: wy belje hjoed mei har!

13:08 - Billy Joel - We Didn't Start The Fire
13:14 - Jess Glynne - Ain't Got Far To Go
13:22 - French Connection - Iselmar
13:25 - Celine Dion - Pour Que Tu M'aimes Encore
13:33 - Van Morrison - Bright Side Of The Road
13:37 - Lukas Graham - 7 Years
13:46 - Acda En De Munnik - De Kapitein Deel Ii
13:48 - Train - Hey Soul Sister
13:52 - Eros Ramazzotti & Tina Turner - Cose Della Vita
14:05 - Marvin Gaye & Tammi Terrel - Ain't No Mountain High Enough
14:10 - Heart - Alone
14:14 - Dnce - Cake By The Ocean
14:23 - Adele - Hello
14:24 - Mariah Carey - Emotions (Maxi-Single)
14:32 - Texas - Inner Smile
14:35 - Senna Black - Higher
14:45 - Bill Medley & Jennifer Warnes - The Time Of My Life
14:49 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
14:52 - Eurythmics - There Must Be An Angel
15:06 - Ten Sharp - You
15:11 - Gloria Estefan - Bad Boy
15:22 - Justin Bieber - Love Yourself
15:26 - Roger Glover - Love Is All
15:32 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
15:40 - Marit - Libbenstier
15:43 - Faith Hill - This Kiss
15:46 - Prince - The Most Beautiful Girl In The World
15:53 - Dire Straits - Walk Of Life

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)