Prinsesse Beatrix fiert har 80ste jierdei woansdei. Se docht dat yn in lyts fermidden mei famylje en sneon is der grut feest yn it paleis op de Dam. Marijke van der Hoek út Drachten hat de âld-keninginne wolris troffen. Dat wie op 7 oktober 1997 doe't Beatrix op steatsbesite wie yn Grikelân. Se wenne doe al in pear jier yn Athene en waard, lykas alle oare Nederlanners yn Grikelân, útnûge foar de resepsje dy't jûns hâlden wurde soe. Hjirûnder op dizze side kinst it hiele petear werom harkje.
Se is noch mar 13 jier. Komt út Feanwâlden en se is út hûnderten bern keazen as ballefamke foar it ABN AMRO proftennistoernoai. En dat is net samar wat...want út 200 bern mocht sy meidwaan oan de seleksjedagen en is dêrnei útkeazen as ien fan de 50 ballefamkes en jonkjes út Nederlân. Ik haw it oer Joyce Sikma!
En Mariët fan de online redaksje komt ek op besite.