De middei fan Fryslân fan 3 maaie 2016 13:00

    Se ha der al 100 fûn, mar dat is net genôch. De kommisje ôfskied Halbertsmafabriken siket âld meiwurkers fan de Halbertsmafabryk yn Grou. It is 125 jier lyn dat Halbertsma begûn mei in houtseagerij. Yn oktober moat dat grut fierd wurde, en dêrom siket de organisaasje net allinne âld-meiwurkers, mar ek âlde foto's, filmkes of oar materiaal. Want Halbertsma hat hiel wat betsjutten foar it lytse doarpke.

    En: op de Vespa nei Rome. Janneke Abma besiket it. Koartlyn is har man ferstoarn, en omdat sy tegearre fanatike Italië-leafhawwers wiene, hat Janneke besletten om ta neitins oan har man foar har 50e jierdei in tocht nei Italië te meitsjen. Snein is se úteinset, en al mei al sil de reis sa'n acht wiken duorje.

    Jollie Dooper fan Ljouwert rint foar de 45ste kear de kuieralvestêdetocht mei. Dy begûn hjoed en it is in jubileumedysje: de tocht wurdt foar de 70ste kear holden! Jollie is no 74 jier. Hy rint him net mear sa flot as froeger. We hearre fan him hoe't it giet hjoed!        

    Jessica Paczkowska fan De Jouwer docht mei oan it telefyzje-programma Idols. En se is de earste ronde al troch. Sels de teaterronde hat se oerlibbe. Elkenien is tige optein oer har stim en har sjongen. Sels fynt se it prachtich om te dwaan, it is in útlitklep foar har sykte. We sille ris freegje wat har fierdere plannen binne.

    Janneke Abma-Horjus op de scooter ûnderweis nei Rome

    • Janneke Abma-Horjus op de scooter ûnderweis nei Rome

    Jollie Dooper (74) rint syn 45e kuieralvestêdetocht

    • Jollie Dooper (74) rint syn 45e kuieralvestêdetocht

    De Fryske Jessica Paczkowska komt fier yn Idols!

    • De Fryske Jessica Paczkowska komt fier yn Idols!

    13:07 - Dolly Dots - Love Me Just A Little Bit More
    13:12 - Charlie Puth - One Call Away
    13:21 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
    13:24 - Elton John - Circle Of Life
    13:33 - Boys Town Gang - Can't Take My Eyes Off Of You
    13:38 - Xavier Rudd - Follow The Sun
    13:48 - Van Dik Hout - Stil In Mij
    13:53 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
    14:07 - Steppenwolf - Born To Be Wild
    14:12 - Queen - The Miracle
    14:24 - Norah Jones - Don't Know Why
    14:25 - Common Linnets - Calm After The Storm
    14:28 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
    14:36 - Baseballs - Umbrella
    14:39 - Ella & Her Man - Langstme (Live Rf 17/09/2015)
    14:49 - Status Quo - The Wanderer
    14:52 - Wiz Khalifa (Ft. Charlie Puth) - See You Again
    15:04 - Ilse Delange - I'd Be Yours
    15:08 - Crowded House - Into Temptation
    15:20 - Duke Dumont - Ocean Drive
    15:24 - Eric Clapton - After Midnight
    15:26 - Sophie B. Hawkins - Right Beside You
    15:35 - Kensington - Streets
    15:44 - Spandau Ballet - Only When You Leave
    15:52 - Griet Wiersma - Frijheid Kin Men Net Keapje

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)