De middei fan Fryslân fan 3 desimber 2015 13:00

It is tongersdei, de dei fan de koer fan Fryslân. Henk en Bertineke fan Stay and pray projekt yn Tytsjerk ha de koer trochjûn oan Stichting Precious fan Evert en Louise Bergsma fan Damwâld. Se soargje foar minsken dy't net goed foar harsels soargje kinne. Sawol in praktyske sin as mei gesprekken en kursussen. Dit alles mei in kristlike ynslach. "Een helpende hand omdat ieder mens waardevol is!"

Studinten Mariem Mulder en Michel Hoekstra dogge de oplieding Creatieve Therapie en SPH oan Stenden en hawwe mei noch alve oare studinten in programma foar deibesteging opset by it AZC yn Drachten. Doel is om de jonge asylsikers in ynfolling fan de dei te jaan en net allinnich foar no, mar ek foar op langere termyn. Dêrby kinst tinke oan dûns, drama of muzyk. Wolle jim dizze studinten stypje? Sjoch op harren Facebookpagina, want dêr stiet in list mei guod dat sy noch brûke kinne.

Freon fan de show is Sanne Hoeksma. Sy wennet yn Utrecht, mar komt út Ljouwert. Se is dizze simmer begûn mei har nije projekt Senna Black. Wat dit krekt is? Hearst it om 14.40 oere.

Wy ha wer efkes kontakt mei Mariska Tuinier fan de Vinyl50. En Elpee-leafhawwer Jan Bruining út Ingelum komt nei de studio mei syn favorite platen. Wy draaie it plaatsje Doarpke fan De Flevo's. Witte jo hoe't it mei dizze beide suskes gong is? En hawwe jo it plaatsje út 1961 fan De Flevo's? Jan wol it graach witte! Mail nei dmff@omropfryslan.nl. 

En Ronald van der Pol fan de Online Redaksje skoot wer efkes oan om te fertellen oer nijsgjirrige apps en nijs op ynternet. 

Louise Bergsma hie de Koer fan Fryslân

Studinten Mariem Mulder en Michel Hoekstra

Sanne Hoeksma treedt op as Senna Black

Mariska Tuinier oer de Vinyl50

Vinylleafhawwer Jan Bruining

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:10 - Bruce Hornsby - The Way It Is
13:16 - One Direction - Perfect
13:28 - Weima & Van Der Werf - Stoarm
13:35 - Cher - Love And Understanding
13:40 - Ellen Ten Damme - Alles Draait
13:50 - Onerepublic - Counting Stars


14:05 - Hollies - Sorry Suzanne
14:10 - Ryan Paris - Dolce Vita
14:20 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
14:24 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
14:28 - 4 Non Blondes - What's Up
14:35 - Coldplay - Viva La Vida
14:39 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar


15:07 - Hootie & The Blowfish - Only Wanna Be With You
15:17 - Adele - Hello
15:35 - Wind Earth & Fire - Boogie Wonderland
15:46 - Bryan Adams - Heaven
15:53 - Cliff Richard - Lucky Lips
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)