De middei fan Fryslân fan 3 april 2019 13:00

    Hjoed wer in moai programma mei in update fan fûgelkenner Jan de Boer oer de nestcam, in resept fan Reitse en fansels de Plaat fan de Middei en noch folle mear!

    Jan de Boer oer de striid om it nêst op de nestcam fan it Fryske Gea

    We ferpleatse ús wer efkes yn de wrâld fan de natuer... de wrâld dy't der somtiden hurd oan ta giet...mar ek sa moai wêze kin. Ik haw it oer de bylden fan de nestcam dy't te sjen binne op sawol Omropfryslan.nl/nestcam mar ek op dy fan it Fryske Gea. En sa út en troch hearre wy efkes fan fûgelkenner Jan de Boer fan it Fryske Gea, hoe't de flagge derfoar stiet by de rôffûgels en it gefjocht om it nêst dêr op it natuergebiet De Alde Feanen.

    De Menút fan Reitse

    Ik ha by de grienteboer alwer rabarber lizzen sjoen, mar op de tunen is der noch neat te sjen...sjoch dat sit sa: De rabarber dy't je no krije kinne is kweekt ûnder spesjale omstannichheden. De kâlde grûnrabarber ite we wer ein maaie oant septimber.
    Yn alle gefallen, it is hearlik om it NO wer te priuwen...foarjier tink ik dan daliks!
    Rabarber hat in protte soer. Ik ha op myn koksoplieding leard earder dat je der kalk troch dwaan moatte om de soeren op te heffen. Hjoed-de-dei ha se de rabarber sa kweekt dat it net mear nedich is. Lekkere rabarbercompote makkest sa: Snij de rabarber yn stikjes fan 3 sm en súntsjes opsette met in lyts boaiemke wetter en 10 oant 15 minuten siere litte. Net tefolle wetter want dan wurdt it te tin. Dan de sûker dertroch..en eventueel ôfbine mei maizena en stien kâld ite en dan troch de yochert.
    Eeh oh ja foar dat ik it ferjit...noch in tip...yn de simmer in bakje ierdbeien dertroch!
    Moarn ha ik in fegetarysk resept krij dan mar in pinne by de hân! No earst mar nei de grienteboer rabarber ophelje! Lekker ite!!

    13:05 - Skik - Op Fietse
    13:09 - Duffy - Mercy
    13:15 - Mark Ronson Ft. Miley Cyrus - Nothing Breaks Like A Heart
    13:18 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
    13:22 - Toto - I'll Be Over You
    13:26 - Shawn Mendes - Stitches
    13:36 - Mr. Mister - Broken Wings
    13:50 - Jennifer Lopez - Waiting For Tonight
    13:54 - James Brown - I Got You (I Feel Good)
    14:04 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
    14:08 - Sheppard - Coming Home
    14:13 - Krijn Dijkstra - Noch Altyd
    14:17 - Alvaro Soler - Loca
    14:20 - Inxs - Need You Tonight
    14:24 - Jack Johnson - You And Your Heart
    14:34 - Zedd & Katy Perry - 365
    14:38 - Wiz Stars - Brand New Day
    14:43 - Faith Hill - This Kiss
    14:46 - De Kast - It Feest
    14:50 - Craig David - Walking Away
    14:53 - Paul Young - Come Back And Stay


    15:03 - U2 - Beautiful Day
    15:07 - Mike Oldfield - Moonlight Shadow
    15:13 - Douwe Bob - Sweet Sunshine
    15:16 - Chicago - Look Away
    15:20 - Andre Hazes - Verslaafd Aan Jou [Live In Ahoy]
    15:24 - Paul Simon - Late In The Evening
    15:36 - Caro Emerald - A Night Like This
    15:40 - Tab Kriss Kross Amsterdam, Maan - Hij Is Van Mij
    15:45 - Tom Jones - It's Not Unusual
    15:49 - Van Wieren - Nim Dyn Tiid (Radio Fersy/Mp3)
    15:52 - Vengaboys - We Like To Party

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)