De middei fan Fryslân fan 29 novimber 2018 13:00

    It is tongersdei, dus krije wy wer in Frou fan Fryslân op besite. De folgjende út de seis dêr't in stânbyld fan makke is. We ha de ôfrûne wiken al it ferhaal hearre kinnen fan Anke Bruin fan Flylân, Tytsje Porte fan Stiens, Gea Smits fan Frjentsjer en Mirte van der Veen út Surhústerfean. En hjoed is dat Froukje Hofma fan It Hearrenfean. En wat har ferhaal is achter it stânbyld hearsto yn De middei fan Fryslân.

    Mar dan binne we der noch net, want we krije ek wer in Fryske artyst op besite yn de studio. Nei Krijn Dykstra, Andries de Vries en Johannes Rypma is it hjoed de eare oan noch mear Frysk talint, en dat is Jos Harteveld. 

    En it is 29 novimber, de lêste sjo fan De middei fan Fryslân fan de moanne en dat betsjut ek wer ús 'beruchte' moanne-oersjoch. We ha alle hichtepunten wer efkes foar dy op in rychje set sadatst se seker net ferjist... wat der dizze moanne allegear te belibjen wie hjir yn De middei.

    En it hâldt net op want ek Femke's Voicemail stiet wer iepen, it is tongersdeitemiddei en dan krijsto altyd de kâns om wat oan my te fertellen, wat hearre te litten of no ja.... meist eins alles dwaan fan it ferske sjonge...oant de lûden fan lekker iten meitsje...of de papierfersnipperer op it wurk. Stjoer dân in sprutsen berjochtsje nei de app fan Omrop Fryslân fia 0620499199 en wa wit stiesto dan oan it ein fan dizze middei op dy voicemail!

    Froulju fan Fryslân: Froukje Hofma fan It Hearrenfean

    Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is foarsitter fan SC Hearrenfean Froulju: Froukje Hofma (It Hearrenfean).

    Moanne oersjoch novimber fan De middei fan Fryslân

    Fryskte Top 100: Jos Harteveld

      Jos makket alle jierren in Fryske plaat, mar noch nea kaam hy yn de Fryske top100. Soe dat dit jier wol sa wêze? 

      13:06 - Wind Earth & Fire - Groove Tonight
      13:10 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
      13:17 - Zedd & Shawn Mendes - Lost In Japan [Remix]
      13:20 - De Kast - Op 'e Fyts
      13:24 - Coldplay - Trouble
      13:35 - Irene Cara - Flashdance, What A Feeling
      13:39 - Chef'special - Into The Future
      13:47 - James Blunt - You're Beautiful
      13:55 - Elton John & Kiki Dee - Don't Go Breaking My Heart


      14:06 - Bananarama - Venus
      14:09 - Dua Lipa - Be The One
      14:21 - Calvin Harris & Sam Smith - Promises
      14:25 - Cure - Friday I'm In Love
      14:35 - Aya Nakamura - Djadja
      14:38 - Michael Jackson - Billy Jean
      14:44 - Crash Test Dummies - Mmm Mmm Mmm Mmm
      14:49 - Agnes Sambrink - Do Bist
      14:52 - Kane - Rain Down On Me
      14:56 - Train - Hey Soul Sister


      15:07 - David Guetta & Sia - Flames
      15:10 - Lionel Richie - My Destiny
      15:20 - Jos Harteveld - Bist In Myn Hert
      15:27 - Marymary - Shackles
      15:36 - John Legend - P.D.A.
      15:39 - Daniël Lohues - A28
      15:43 - Britney Spears - Baby One More Time
      15:47 - Gerbrich Van Dekken - Wenje Yn In Beam
      15:49 - Bryan Adams & Tina Turner - It's Only Love
      15:52 - Michael Buble - Haven't Met You Yet

      Femke de Walle

      De middei fan Fryslân

      Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
      Presintaasje: 
      Femke de Walle
      (advertinsje)