Femke hat hjoed spesjale gasten yn de studio! Niels Hoekstra (22) út Eastermar sil nammentlik in cruise meitsje, mar net as toerist. Hy fersoarget it ljocht by de metalband Aborted, dêr't ek de Fryske gitarist Mendel bij de Leij (29) út Beetstersweach yn sit. De band docht mei oan in spesjale metalcruise, mei tûzenen metalfans en allinne mar non-stop metalmuzyk. It skip, suver in flat mei meardere ferdjippingen, fart troch Karibysk gebiet. De mannen fleane earst nei Amearika en de cruise is fan 1 oant 5 febrewaris.
Bisto tafallich ek in ''Luizenmoeder'' op de basisskoalle? Of in knutselmem, in foarlêsmem of betink it mar wat foar memmen of heiten der allegear binne. It giet oer de searje de Luizenmoeder. En dat is sa populêr. Mar kloppet it wat? Binne dy hilaryske sênes ek echt? Dêrom wol ik fan 'e middei wol ris freegje oan juf Elma fan de Koningin Julianaschool út Kollum wat sy hjir no fan fynt.
En fansels komt ek de online redaksje wer op besite om te fertellen wat hot is online!