De middei fan Fryslân fan 29 febrewaris 2016 13:00

    Femke iepenet de moandeitemiddei mei sjongeres Gerrie Dantuma út Rinsumageast. Gerrie die in pear jier lyn mei oan The Voice of Holland en timmeret sûnt dy tiid knap oan 'e dyk. Op dit stuit is se drok dwaande mei nij wurk. Wat dit krekt wurde sil? Wy freegje it har fan 'e middei.

    Wy ha kontakt mei Jasmijn van der Werf út Húns. Sy spilet mei yn de telefyzjesearje Caps Club 3 fan Zapp by NPO3. Juster wie de twadde ôflevering. Jasmijn spilet de rol fan de Sineeske prinses. De opnamen wiene foarich jier al, mar no pas komt de searje dus op telefyzje. En dan fansels de grutte fraach: wat fynt Jasmijn der sels fan? En wol se fierder yn it akteurswrâldsje?

    Wy ha wer efkes kontakt mei Gretha Wijbenga. Gretha wennet yn Frankryk, dêr't se in bêd en brochje en in gite (fakânsjehûs) hat. Har man hat in makelerij. It hiele jier hawwe Gretha en har man keihurd wurke om it de fakânsjegasten nei it sin te meitsjen, mar dizze winter wie de B&B ticht. It wie lang om let tiid foar in eigen fakânsje. En wêr dogge jo dat better as yn.... Nederlân! Gretha en har man hawwe in appartemintsje boekt yn Amsterdam. Nei acht jier op it plattelân liket it se hearlik om wer efkes yn it stedske libben te dûken.

    Gerrie Dantuma wie te gast by Femke

    • Gerrie Dantuma wie te gast by Femke

    Jasmijn van der Werf spilet yn de searje Caps Club

    • Jasmijn van der Werf spilet yn de searje Caps Club

    Fries om utens Gretha Wijbenga

    • Fries om utens Gretha Wijbenga

    13:08 - Sixpence None The Richer - Kiss Me
    13:14 - Sam Hunt - Take Your Time
    13:25 - Olivia Newton-John - Hopelessly Devoted
    13:47 - Kensington - Done With It
    13:54 - Racoon - Love You More


    14:04 - Beatles - She Loves You
    14:08 - Ub 40 & Chrissie Hynde - I Got You Babe
    14:20 - Wiz Stars - Brand New Day
    14:23 - Meghan Trainor & John Legend - Like I'm Gonna Lose You
    14:26 - Joshua Kadison - Jessie
    14:35 - Robbie Williams - Supreme
    14:39 - Aldjiersploech Marsum + Van Wieren - Marsum Ahoy
    14:48 - Cock Robin - Thought You Were On My Side
    14:52 - Causes - Teach Me How To Dance With You


    15:06 - La's - There She Goes
    15:10 - Johnnie Logan - What's Another Year
    15:21 - Justin Bieber - Sorry
    15:25 - Cool Quest - Heatwaves
    15:31 - Herman Brood - Never Be Clever
    15:40 - Diana Ross - Why Do Fools Fall In Love
    15:43 - Gurbe Douwstra - Alles Foar De Kick
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)