De middei fan Fryslân fan 28 septimber 2017 13:00

    Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

    Emiel Stoffers fan de Hûnekop

    • DMFF HUNEKOP 28_09

    Sjochtsto dy al crossen yn de bus fan de Hûnekop? Harren bus stiet te keap. Heech tiid om ris te beljen mei Emiel Stoffels, de sjonger en frontman fan de Hûnekop.
    Foar mear ynformaasje oer de bus sjoch op de facebookside fan de Hûnekop. Of foar fragen info@dehunekop.nl.

    Reitse Spanninga mei in stamppotresept

    • DMFF REITSE SPANNINGA

    It waar wurdt al aardich hjerstich. De blêden ferkleurje en falle fan de beammen. Stamppotwaar dus. Werris wat oars nei al dy simmersalades. In lekkere hjerststamppot. En wa kin ús dat no better in lekker stamppotresept jaan as Reitse Spanninga.

    Stamppot andyvje mei in speklapke, moster en sjú.

    35 minuten om it klear te meitsjen en genôch foar 4 minsken

    *Yngrediïnten: 1.5 kg skylde jirpels

    750 gram andyvje

    400 gram útbakt rike meager spek

    4 speklappen fan de LIVAR baarch
    Bûter om yn te brieden

    100 gram rjemme bûter foar de stamppot
    ½ Kofje kopke slachrjemme

    Piper en sâlt út de mole

    Boltsje nutemuskaat mei in raspke

    *Hoe't je it klearmeitsje:

    Sied de jirpels yn in te royale panne en lit se goed drûch stome.
    Snij de andyvje fyn en waskje de griente yn rom wetter. Lit de andyvje yn it wetter stean dan is de griente daliks knapperiger. Doch op de speklapkes sâlt en piper, lit de koekepanne hyt wurde en smelt de bûter. Lit de bûter net swart wurde! Bried de lapkes krokant oan en lis se foart yn de aluminiumfoly. Blus de briedbûter ôf mei 2 ytleppels wetter.

    Bak de spekreepkes súntsjesoan út oant se knapperich binne.

    Stamp de jirpels mei in pureestamper, doch de boerebûter derby, mei de rjemme. Goed trochriere mei in spatel. Lekker meitsje mei piper en sâlt en moster.

    Helje de andyvje út it wetter en lit dizze goed útlekke. In slaadsintrifúzje is in útkomst! Der moat sa min mooglik wetter yn de stamppot, want wetter hat gjin smaak en de stamppot wurd te wiet! Op it alderlêste momint de andyvje derby dwaan mei de spekjes, goed trochriere en lekker meitsje mei piper en tink om it sâlt. De spekjes binne ek al sâlt!
    Nim de speklappen út de foly en meitsje noch ien kear koekepanne hyt. Skroei de speklapjes om en om yn de panne sadat se goed knapperich binne.

    Lis de lapkes op de stamppot, optsjinje en daliks ite.
    Derby wêze oars is it op!

    15:04 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
    15:08 - Anne-Marie - Ciao Adios
    15:19 - Piter Wilkens - Pake Syn Wein
    15:23 - Train - Drops Of Jupiter (Tell Me)
    15:35 - Vitesse - Rosalyn
    15:39 - Clean Bandit Ft. Zara Larsson - Symphony
    15:47 - Aloe Blacc - The Man
    15:51 - Justin Bieber - Sorry
    15:54 - Splitsing - Wind En Zeilen

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)