De middei fan Fryslân fan 28 novimber 2018 13:00

    Dit is De middei fan Fryslân fan woansdei 28 novimber. 

    Mei hjoed in spesjaal ''In Memoriam'' foar Dirk Baron. Mar ek Iris Kroes en Johannes Rypma binne te gast yn De middei fan Fryslân.

    In memoriam: Dirk Baron

    It is hjoed eksakt in jier ferlyn dat ús kollega Dirk Baron ferstoar. Hy wie noch mar 37 jier. Dirk hie Alzheimer. Omdat er himsels net folslein ferlieze woe troch dizze sykte, hie Dirk besluten om sels it moment te kiezen dat er gie. Hy hie by syn heit fan tichtby meimakke wat dizze sykte dwaan kin en dat woe er himsels, mar foaral ek syn famylje, syn frou en syn bern besparje.

    Yn Dirk ferlearen wy as Omroppers in hiele fijne kollega. En in echte profesjonal, want ondanks syn sykte koe er hjir noch wurkje oant in healjier foar syn ferstjerren.

    Wy, fan de Omrop en fan De Middei Fan Fryslân, wolle syn gesin, famylje en freonen in soad krêft tawinskje foar hjoed, mar ek foar al dy oare dagen dat sy sûnder Dirk fierder moatte. Hâld elkoar mar goed beet.

    Dit is foar dy Dirk...

    Iris Kroes is de nije ambassadrise fan de Noardlike Fryske Wâlden

    Sjongeres en harpiste Iris Kroes is de nije ambassadrise fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden (NFW). Neist Iris binne ek Joop Atsma, Gerrit Hiemstra en Hesterklompmaker ambassadeurs fan de NFW. Yn De middei fan Fryslân fertelt se wat se hjirfoar dwaan sil. 

    Johannes Rypma oer de Fryske top100

    Fan dizze wike ôf kin der wer stimd wurde op de Fryske Top 100. En dan kinst fansels op de hiele bekende ferskes stimme fan de ôfrûne jierren...mar der moat ek rûmte komme foar nij farsk bloed. En dit jier binne der in soad nije platen útkaam fan Fryske artysten. De hiele wike ha wy hjir omtinken foar en prate wy mei de sjongers en sjongeressen achter dizze nije Fryske muzyk en hjoed is dat Johannes Rypma..

    13:05 - Hanson - Mmmbop
    13:09 - Gabriel Rios - Broad Daylight
    13:16 - Alan Walker - Darkside
    13:19 - Riddim_X - Ik Tink Oan Dy
    13:24 - Wulf - Front Row Ticket
    13:34 - Rembrandts - I'll Be There For You
    13:37 - Gavin James - Glow
    13:48 - Jon Anderson - Surrender
    13:52 - Rolling Stones - Angie


    14:04 - Marco Borsato - Ik Leef Niet Meer Voor Jou
    14:08 - Portugal The Man - Feel It Still
    14:15 - Iris Kroes - Surrounded By Water
    14:18 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
    14:22 - Nielson - Ijskoud
    14:26 - Alphabeat - Fascination
    14:35 - Jonas Blue Ft. Jack & Jack - Rise
    14:38 - Depeche Mode - Enjoy The Silence
    14:43 - Pointer Sisters - I'm So Excited
    14:47 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way
    14:51 - Piter Wilkens - Bakker De Bakstien
    14:55 - R.E.M. - Shiny Happy People


    15:04 - Katy Perry Ft. Skip Marley - Chained To The Rhythm
    15:08 - Huey Lewis & The News - Power Of Love
    15:17 - Bounty Hunters - Maten
    15:20 - Tom Odell - If You Wanna Love Somebody
    15:24 - Nina Simone - My Baby Just Cares For Me
    15:36 - Krezip - Sweet Goodbyes
    15:39 - Mumford & Sons - Guiding Light
    15:42 - George Harrison - Got My Mind Set On You
    15:46 - Femke & Sanne - Emosjoneel Fan Dy (Fmn '12)
    15:50 - Mike & The Mechanics - Over My Shoulder
    15:54 - Alain Clark - Back In My World

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)