De middei fan Fryslân fan 28 jannewaris 2016 13:00

It is wer tongersdei, de dei dat wy yn de âlde muzyk dûke oan de hân fan âlde en nije elpee's. Krekt nei ien oere belje wy efkes mei Mariska Tuinier. Sy fertelt ús wat de nijste ûntwikkelings binne yn de Vinyl top 50. En nei trije oere komt Rienk Tholen út Tsjummearum lâns mei syn favorite elpee's. Wat foar bysûndere platen hat hy foar ús yn petto?

De studinten fan ROC Friese Poort út Snits komme nei de studio. Sy hawwe yn desimber in krystgala organisearre. Der binne goed 900 kaartsjes ferkocht en de opbringst wie 3500 euro. Dit jild giet nei it goede doel 'Make a Wish'. Freed wurdt de sjek oerhannige oan de stichting. Dat wurdt dien op de iepen dei fan de Friese Poort.

Freon fan de show is Deniz Saraç. Deniz wennet yn Brabân, mar studearret dêr Frysk. Se wol graach nei Fryslân komme en hat de Fryske namme Foekje krigen. Hoe giet it mei har 'ynboargering'? En wat fynt sy eins sa leuk oan Fryslân en ús taal?

Kollega Ronald van der Pol fan de Online Redaksje skoot wer efkes oan om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

En fansels sykje wy wer moaie suggestjes foar de slotplaat. Dy hat hjoed te krijen mei it feit dat de berne-ombudsman fan 1 april net langer oan it wurk mei. Dus wy draaie hjoed in slotplaat oer bern en alles wat dêrmei te krijen hat. App of sms jo fersykje oer bern nei 06 20 499 199.

Mariska Tuinier oer de Vinyl Top 50

Studinten Petra en Manouk fan de Friese Poort

Freon fan de show Deniz Saraç

Finylleafhawwer Rienk Tholen

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:08 - Abc - The Night You Murderd Love
13:14 - Sam Hunt - Take Your Time
13:29 - Train - Angel In Blue Jeans
13:36 - Tom Petty - Learning To Fly
13:40 - Aldjiersploech Marsum + Van Wieren - Marsum Ahoy
13:51 - Cliff Richard - We Don't Talk Anymore


14:06 - Johnny Cash - Ring Of Fire
14:11 - Belinda Carlisle - Heaven Is A Place On Earth
14:22 - Bryan Adams - Have You Ever Really Loved A Woman
14:28 - Shawn Mendes - Stitches
14:35 - Owl City & Carly Rae Jepsen - Good Time
14:46 - Frederike Kleefstra - Grutte Grize Fugel
14:50 - Curtis Stigers - I Wonder Why


15:06 - R.E.M. - Losing My Religion
15:12 - Renee - High Time He Went
15:34 - Blondie - Denis
15:42 - Miss Montreal - Love You Now
15:48 - De Hunekop - Druksrotsoai
15:51 - Yves Duteil - Prendre Un Enfant

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)