De middei fan Fryslân fan 28 febrewaris 2019 13:00

    It is tongersdeitemiddei 28 febrewaris! 

    De dei dat it earste ljipaai fûn is! It is alwer de lêste DMFF fan de wike, dat fljocht foarby en hjoed in prachtich fol programma, we sille it ha oer de ''challenge'' de útdaging om in moanne, of yn dit gefal, twa moannen gjin alkohol te drinken, earder dit jier praten we dêroer mei sjongeres Hiske Oosterwijk, sy die hjiroan mei en hjoed einiget de challenge. Hat se it helle? Hat se gjin drip hân en hoe is it eins mei har want se hat hiel wat meimakke ôfrûne wiken. 

    Ek de nestcam komt foarby, fûgelekspert en blogger dy't de nestcam yn de gaten hâldt is Jan de Boer, hy fertelt ús wat de hauk en de see-earn allegear by de ein hân hawwe ôfrûne wike, we komme ek noch efkes op dat Fryske wurd foar fagina werom, de flom, of flomke.

    En it is hjoed de lêste dei fan febrewaris en dat betstjut, do witst it, it moanne-oersjoch fan De middei fan Fryslân!!! Alle hichtepunten steane wer op in rychje, we steane efkes stil by wat west hat, want it giet allegear al fierstente fluch.

    Hiske Oosterwijk oer twa moannen gjin alkohol

    Jan de Boer fan it Fryske Gea oer de nestcam

    Der is fan alles geande op de nestcam en Jan de Boer fan it Fryske Gea fertelt it yn De middei fan Fryslân! 

    Baukje Sangers, betinkster fan it wurd Flomke

    Flomke is it Fryske wurd foar DE FAGINA wurden. Dat is juster bekend makke tidens IepenUP live en Omrop Fryslân. Mear as 8000 manlju en froulju brochten har stim út op de webside fan de omrop nei't we yn dit programma dêrfoar in oprop dien hiene. De minsken koene kieze út in 'shortlist' fan de fiif meast ynstjoerde wurden: slúfke, skelpke, pompebledsje en flomke en paradyske

    Dat lêste wurd is mei leafst 41 persint fan de stimmen dus by de measte Friezen favoryt. Krekt foar it wurd slúfke dat 38.2 persint fan de stimmen krige. En de betinkster fan it wurd Flomke ha we no oan de telefoan: Baukje Groefsema Sangers.

    13:04 - Skik - Op Fietse
    13:08 - Atomic Kitten - Whole Again
    13:15 - Calvin Harris & Sam Smith - Promises
    13:18 - Jos Harteveld - Maaike
    13:23 - Little Steven - Bitter Fruit
    13:35 - Eddy Grant - Gimme Hope Jo'anna
    13:38 - Zedd & Katy Perry - 365
    13:49 - Rasmus - In The Shadows
    13:53 - Beatles - All You Need Is Love


    14:03 - Paul Young - Come Back And Stay
    14:07 - Shawn Mendes - There's Nothing Holding Me Back
    14:16 - Bounty Hunters - Standing Strong
    14:19 - Mark Ronson Ft. Miley Cyrus - Nothing Breaks Like A Heart
    14:22 - Bangles - Eternal Flame
    14:26 - Toploader - Dancing In The Moonlight
    14:36 - Alan Walker Ft. Sophia Somajo - Diamond Heart
    14:39 - Buggles - Video Killed The Radio Star
    14:45 - Anouk - R U Kiddin' Me
    14:49 - Van Wieren - Sjoch Net Werom
    14:52 - Alain Clark - Love Is Everywhere
    14:55 - Supertramp - It's Raining Again


    15:06 - Marymary - Shackles
    15:08 - De Dijk - Als Ze Er Niet Is
    15:15 - Ellie Goulding & Diplo Ft. Swae Lee - Close To Me
    15:18 - Joe Jackson - Steppin' Out
    15:26 - Krezip - Lost Without You
    15:38 - Portugal The Man - Feel It Still
    15:40 - Mabel - Don't Call Me Up
    15:51 - Something Happens - Parachute
    15:55 - Douwe Bob - Slow Down

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)