De middei fan Fryslân fan 28 desimber 2015 13:00

    De lêste moandei fan it jier slute wy ôf mei in hiel bysûndere gast. Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp komt lâns om mei ús werom te sjen op it ôfrûne jier. 2015 wie foar har in spesjaal jier, mei folop hichtepunten mar dochs ek wat djiptepunten. Benammen op it mêd fan har sûnens hie Alyda somtiden drege mominten it ôfrûne jier. En fansels sjogge wy ek foarút op 2016, want dan komt de hurdfytster yn aksje op de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro!

    Ek Gerrit Schaaf komt lâns yn de studio. Gerrit siet de ôfrûne tiid yn Japan foar syn oplieding, om dêr syn ôfstudearstaazje te dwaan. Mar syn fisum waard net ferlingd, dus moast er it lân út. Op 10 augustus wie Gerrit ek by ús te gast yn de studio. Doe fertelde er dat er in Japansk famke troffen hie, dêr't er fereale op rekke wie. Ek fertelde er dat er plannen hie om te emigrearjen nei Japan. Stiet dat noch altyd op de planning?

    Alyda Norbruis - Diel 1

    • Alyda Norbruis - Diel 1

    Alyda Norbruis - Diel 2

    • Alyda Norbruis - Diel 2

    Alyda Norbruis - Diel 3

    • Alyda Norbruis - Diel 3

    Alyda Norbruis - Diel 4

    • Alyda Norbruis - Diel 4

    Gerrit Schaaf mei syn Japanske freondinne Remy

    • Gerrit Schaaf mei syn Japanske freondinne Remy

    13:08 - Roxette - Joyride
    13:13 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
    13:26 - Doelleazen (Ft. Piter Wilkens) - It Paad Werom (Album Fersy)
    13:42 - Syb & Hanneke Vulperhorst - Net Als Jij
    14:04 - Diana Ross - The Happening
    14:09 - Level 42 - Lessons In Love
    14:13 - Sam Hunt - Take Your Time
    14:25 - Oasis - Wonderwall
    14:26 - Guns N' Roses - Sweet Child O' Mine
    14:36 - Ronan Keating - Life Is A Rollercoaster
    14:42 - Gurbe Douwstra - As It Myn Tiid Is
    14:48 - Flock Of Seagulls A - The More You Live The More You Love
    14:52 - Alle Farben - She Moves (Far Away)
    15:05 - London Beat - I've Been Thinking About You
    15:12 - Stranglers - No Mercy
    15:22 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
    15:28 - Tet Rozendal - Pelgrim
    15:34 - Fischer Z - The Worker
    15:41 - Huey Lewis & The News - Stuck With You
    15:48 - Frank Boeijen Groep - Zwart Wit
    15:53 - Mud - Tigerfeet

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)