De middei fan Fryslân fan 27 septimber 2017 13:00

    .

    Tineke Louwenaar oer it gedrach fan toeristen yn Ljouwert

    • Tineke Louwenaar oer it gedrach fan toeristen yn Ljouwert

    It is de ynternasjonale dei fan de toerist! En wat die no bliken hjoed... Nederlanners fine Russyske toeristen de yrritantste toeristen. Ha wy dêr yn Fryslân ek lêst fan eins, lestige Russyske toeristen? Femke heart efkes by it kantoar fan de VVV yn Ljouwert. 

    Wat kinst dwaan tsjin in winterdip?

    • Wat kinst dwaan tsjin in winterdip?

    It foel ús fan 'e moarn op: wat bliuwt it noch lang tsjuster! En wat wurde de dagen al wer koart. Hjir en dêr hearst minsken alwer oer in foarsichtich begjinnende winterdip... Heech tiid om der no al wat oan te dwaan dus! Psychiater Bianca Klop jout tips. 

    Mariët fan de onlineredaksje fertelt oer Twitter, apps en... Jetpacks?!

    • Mariët fan de onlineredaksje fertelt oer Twitter, apps en jetpacks

    Sa kinst Tweete mei 280 tekens ;)

    280 tekens mei de normale Twitter-side

    * Download Tampermonkey foar dyn browser
    * Kopiearje dizze koade fan Github en plak him as in nij skript yn Tampermonkey
    * Aktivearje it skript en gean dêrnei nei Twitter.com

    280 tekens mei Tweetdeck

    * Gean mei de Chrome-browser nei Tweetdeck, rjochter mûsklik en selektearje 'Inspecteren' sadatst by de 'Developer Tools' út komst (by Firefox: Web Developer)
    * Gean nei de 'Sources-tab' en ferfolgjens nei 'Snippets' (by Firefox: Scratchpad) 
    * Kopiearje dêr dizze code fan Github yn en selektearje 'run' mei it ôfspyljen-ikoantsje
    * Dyn Tweetdeck is no oanpast foar tweets mei 280 tekens. Alle kearen datst de webside opnij lade litst, moatst de hanneling opnij útfiere

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)