Dit is De middei fan Fryslân!
Wat begûn as in skoalprojekt op it Drachtster Lyceum groeide út oant in súksesfolle coverband dy't troch it hiele lân alle feesttenten en kroegen by del giet om dêr in goed feestje te bouwen. Mar de drang nei eigen wurk wie der ek al dy jierren.....oant it momint kaam dat se nei in goeie jamsessy tsjin mekoar seine: jongens, ''dit moatte we gewoan dwaan. We moatte gewoan mei eigen wurk komme''. En dus binne hjoed yn de studio Jantine en Jelmer fan de band dêr't ik it dus oer haw, Kings of Diamonds, yn de studio mei in eigen single.