De middei fan Fryslân fan 27 juny 2016 13:00

Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp waard dit wykein foar de tolfde kear Nederlânsk kampioen. Yn it Brabânske Bladel wûn se de einsprint fan it NK op de dyk. Earder al waard bekend dat se har definityf pleatst hat foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Mei oare wurden: it is feest yn Oerterp!

En mear sport yn it programma, wat der waard dit wykein folop fuotballe. Dus skoot Jantine Weidenaar wer efkes oan om ús by te praten oer de lêste stân fan saken by it EK fuotbal.

Ferline jier hiene wy geregeld kontakt mei Marijke Hornstra, dy't in wrâldreis makke op 'e fyts. Tegearre mei har freon Jelte reizge se de hiele wrâld oer. Mar doe't Jelte lêst krige fan syn knibbel kaam der twongen in ein oan de reis. Sûnt dy tiid binne Jelte en Marijke werom yn Fryslân. Maaaar, dêr is sûnt ferline wike feroaring yn kaam. Want Marijke is wer op reis. Hoe't dat krekt sit? Ik freegje it har sels!

En wy ha wer kontakt mei it bûtenlân. Fardou Bakker is 23 jier en komt út Kollum. Se is ôfstudearre as fideo-editor en is op 24 jannewaris dit jier mei har Kanadeeske freon begong mei har wrâldreis. Se ha in moanne yn Yndonezië west, yn Sydney en wurkje no al wer in skoft yn Mount Maunganui, Nij-Seelân. De folgjende bestimming is Fiji. Fardou skriuwt en makket foto's en fideo's fan de reis. Dizze binne te sjen op www.fartravels.nl.

Ta beslút skoot Jaap Elzes fan de Online Redaksje noch efkes oan om te fertellen oer de bêste apps foar op fakânsje. Kinst se hjir ûnder fuortendaliks fine! Noflike fakânsje :-)

Fakânsje apps

Android AroundMe iPhone AroundMe
Android MAPS.ME iPhone MAPS.ME
Android Flush iPhone Flush
Android Vivino iPhone Vivino
Android Untappd iPhone Untappd
Android KopieID iPhone KopieID

Alyda Norbruis

Jantine Weidenaar praat us by oer it EK

Hoe giet it mei Marijke Hornstra?

Fardou Bakker yn Nij Seelân

Jaap Elzes set de bêste fakânsjeapps op in rychje

13:09 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
13:15 - Alvaro Soler - Sofia
13:18 - Pyn - My Baby
13:25 - Wind Earth & Fire - Sunday Morning
13:33 - Doobie Brothers - Long Train Running
13:37 - Charlie Puth - We Don't Talk Anymore
13:49 - Acda En De Munnik - Ren Lenny Ren
13:53 - Racoon - Shoes Of Lightning


14:04 - Cliff Richard - In The Country
14:08 - Eurythmics - There Must Be An Angel
14:19 - Krezip - Sweet Goodbyes
14:20 - Bee Gees - Night Fever
14:24 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
14:27 - Anouk - Sacrifice
14:34 - Robbie Williams - Tripping
14:38 - Vangrail - Naar De Zee
14:48 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time
14:51 - Imagine Dragons - On Top Of The World
14:55 - Michael Jackson & Jackson Five - I Want You Back


15:05 - Ace Of Base - The Sign
15:11 - Fleetwood Mac - Little Lies
15:15 - Pink - Just Like Fire
15:18 - Supertramp - The Logical Song
15:28 - Trijntje Oosterhuis - Knocked Out
15:36 - Mark Ronson (Ft. Bruno Mars) - Uptown Funk
15:48 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen
15:52 - Lee Towers - I Can See Clearly Now

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)