Se hat in machtich jier hân. Elkenien kin har. Se spile Maria yn de Passion, song mei Marco Borsato, toert troch it lân mei the Bluebirds en hat gjin frije dei mear oer, want se moat oeral hinne en de mailbox stiet noch fol mei útnûgingen. Want ja, wa wol har no net yn it programma of yn de konsertseal? Ik haw it fansels oer Elske DeWall!
It liket my hiel spannend om oan mei te dwaan: it programma De Slimste Mens. En ast sels foar de telefyzje sitst dan haw ik sels altyd it idee dat ik in hiel protte wit..mar ast dêr no sels sitst....liket it my dochs wol in oar ferhaal. De spanning derby. Mar dizze Friezinne...siet dêr dus justerjûn. Se is freon fan de sjo, presintatrise fan it Jeugdjorunaal en hat hjir ek wurke..do kinst har natuerlik ek.