De middei fan Fryslân fan 26 septimber 2017 13:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Nanna Hilton oer de Stimmen yn Fryslân app

  • Nanna Hilton oer de Stimmen yn Fryslân app

Sûnt ferline wike kinst de app Stimmen downloade! Dy app docht ûndersyk nei it Frysk en is hjir by Omrop Fryslân lansearre troch dr. Nanna Hilton fan de Rijksuniversiteit Grins. Do kinst yn dy app witte litte hoe'tsto bepaalde Fryske wurden útsprekst en dan kin de app berekkenje wêr'tst weikomst. No binne wy fansels tige benijd hoe't it giet en oft der in soad resultaten binnen komme! Dat komt Nanna efkes fertellen. 

Feest by apoteek it Krúswald: it is de dei fan de apotekersassistinte!

  • Feest by apoteek it Krúswald, want it is de dei fan de apotekersassistinte!

Feest, yn alle apoteken hjoed! Want it is de dei... fan de apotekersassistinte! Mar wurdt dat no ek echt fierd troch de apotekers en apotekersassistintes? Efkes hearre by Apoteek it Krúswâld yn Kollum. 

Wat is der hot online?

  • Ronald van der Pol fan de online redaksje

Mei hjoed bysûndere flessepost, Netflix yn it fleantûch wurdt stabiler en it statsjon fan Grou-Jirnsum wurdt in Sintraal Stasjon.

Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)