De middei fan Fryslân fan 26 july 2019 13:00

    In hiele goeiemiddei op dizze skitterende simmerdei, 26 july 2019! 

    De lêste fan de wike alwer!

    Wat hiel leuk is, is dat wy op dizze freed efkes oer de grins gean...... nei .... Grinslân! Want ik wit net ofsto it sjoen hast de ôfrûne dagen, mar wy ha op ús Facebookside fan Omrop Fryslân in leuk berjocht mei foto pleatst dat giet oer de ferkeap fan in Frysk ''hebbedingetje''. In doarmat mei in skitterende Fryske opdruk fan in seker merk út Sweden.. de Ikea. En dêrneist lei eksakt itselfde ''hebbedingetje'' mar dan mei in oare opdruk, nammentlik de flagge fan Grins... mei de fraach: wêr soesto dyn fuotten op ôffeie?

    Wy ha dus fan 'e middei efkes kontakt mei meiwurker Taco fan it filiaal út Grins om it der efkes oer te hawwen, want is dy Fryske doarmat wat populêr? En welke wurdt no mear ferkocht?

    En fan doarmatten sille we it op dizze prachtige simmerske dei ek ha oer cocktails, want yn augustus stiet der it earste Fryske kampioenskip Cocktails meitsjen op it programma. 

    Reitse Spanninga komt fansels mei in hearlike BBQ TIP, én we slingerje ek oan it simmerrêd mei al dy moaie prizen.

    Taco Meems fan de Ikea út Grinslân

    In dikke hit is it by ús op facebook. In post dy't wy earder dizze wike pleatsten op de side mei in foto dy't kollega Johan Terpstra. Hy wie efkes lekker te sjoppen by de Ikea...en stuitte dêr op in doarmat.. mei in Fryske flagge derop. Mar dêrneist lei ek in mat mei it logo fan Grinslan derop....en op us side kamen nochal wat reaksjes doe't wy de fraach derby setten: op welke mat soesto dyn fuotten ôffeie? 

    De Menút fan Reitse

    Ananas dessert foar op de BBQ!

    Tineke Falkena út Boalsert oer de earste Fryske Cocktail Kampioenskip

    It is yts wat ús hjir yn de studio as muzyk yn de earen klinkt. In echt Frysk Cocktail Kampioenskip. Want dy sit deroan te kommen yn Boalsert.. acht dielnimmers kinne op 17 augustus de striid mei mekoar oangean om de aller-aller-lekkerste cocktail te meitsjen. Mar wat moasto dêr no foar dwaan om kwalifiseard te wurden foar dizze wedstryd? En wat moast allegear kinne om mei te dwaan ? Want in cocktailtsje meitsje...hoe lêstich is dat eins?

    13:05 - Meghan Trainor - Lips Are Movin
    13:14 - Acda En De Munnik - De Kapitein Deel Ii
    13:16 - Twarres - De Juste Snaar
    13:20 - Izzy Bizu - Talking To You
    13:24 - Elvin Bishop & Mickey Thomas - Fooled Around And Fell In Love
    13:34 - Crowded House - It's Only Natural
    13:37 - Avicii Ft. Chris Martin - Heaven
    13:47 - Jessie J - Domino
    13:51 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
    13:55 - Luis Fonsi Ft. Nicky Jam - Date La Vuelta


    14:04 - Aswin Jaydee - Lady
    14:07 - Iris Kroes - The Most
    14:13 - James Arthur & Anne-Marie - Rewrite The Stars
    14:17 - Katy Perry - Never Really Over
    14:21 - Dj Jazzy Jeff & The Fresh Prince - Summertime
    14:32 - Panic At The Disco - High Hopes
    14:36 - Barry White - Let The Music Play [Edit]
    14:40 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
    14:46 - John Wright - Fries Om Utens / Caledonia [Radio Edit]
    14:50 - Red Hot Chili Peppers - Snow (Hey Oh)
    14:55 - Chris Rea - Josephine


    15:06 - Jennifer Lopez - Waiting For Tonight
    15:10 - Rod Stewart - Baby Jane
    15:21 - Alphabeat - 10,000 Nights
    15:25 - Sailor - La Cumbia
    15:35 - Bruno Mars - Grenade
    15:39 - Ed Sheeran & Justin Bieber - I Don't Care
    15:44 - Peter Tosh & Mick Jagger - Don't Look Back
    15:48 - Die Twa - Famke Fan Myn Dreamen
    15:51 - Asaf Avidan & The Mojos - One Day (Reckoning Song) (Wankelmut Edit)
    15:54 - Boney M - Hooray Hooray It's A Holi-Holiday (Dutch Single Version)

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)