De middei fan Fryslân fan 26 april 2016 13:00

Yn Omrop Help sille we fan 'e middei sykje nei famylje fan de yntusken ferstoarne amateurskilder Andries de Groot. Klaas Koning hat in skilderij fan Andries, mar freget him ôf oft famyljeleden fan him dit ek hawwe wolle no't de skilder ferstoarn is. Wa is of ken famylje fan Andries de Groot? Wy hearre it graach. Maile kin nei dmff@omropfryslan.nl of stjoer in sms of app nei 06 20 499 199.

Freon fan de show is Coby van Grootveld. Sy komt út Harns mar wennet al wer in skoftke yn Grikelân. Dêr sjocht se mei eigen eagen hoe min de flechtlingen it somtiden hawwe. Se koe it net langer oansjen en hat dêrom sels aksje ûndernaam. Wat se krekt docht? Wy freegje it harsels.

Wy belje efkes mei Ria Evers fan It Amelân. Sy sil mei har man Anthonie ferhúzje nei Bonaire. Om dizze dream útkomme te litten, hiene se finansjele stipe nedich. It eilân hat de ôfrûne moannen mei ferskate aksjes jild ynsammele yn it ramt fan it projekt Van A(meland) naar B(onaire). En der is goed nijs, want de datum is prikt!

En wy ha kontakt mei Florida, Amearika, dêr't in groep learlingen fan CSG Comenius op dit stuit is. Sy sille meidwaan oan de First Lego League. Yn de First Lego League bouwe alle teams in eigen robot. Der dogge sa'n 108 teams út de hiele wrâld oan mei.

Ria Evers fan It Amelân ferhuzet mei har man Anthony nei Bonaire

Learlingen CSG Comenius dogge mei oan First Lego League yn Amearika

Jo kinne de learlingen folgje fia www.justnormal.nl

13:08 - Bruce Springsteen - Dancing In The Dark
13:12 - Justin Bieber - Sorry
13:20 - De Kast - De Tijd Tikt Door
13:23 - Wet Wet Wet - Love Is All Around
13:27 - Katrina & The Waves - Love Shine A Light
13:33 - Donna Summer - Mac Arthur Park
13:37 - X-Ambassadors - Renegades
13:40 - Veldhuis & Kemper - Bijzonder
13:48 - Omi - Cheerleader
13:51 - Kenny Rogers And Dolly Parton - Islands In The Stream
14:07 - Diana Ross - Stop In The Name Of Love
14:11 - E.L.O. - All Over The World
14:21 - Sinaed O'connor - Nothing Compares 2 U
14:23 - Prince - The Most Beautiful Girl In The World
14:27 - One Direction - History
14:33 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
14:37 - Gaatze - De Leste
14:47 - Diesel - Sausolito Summernight
14:52 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
15:05 - Acda En De Munnik - Niet Of Nooit Geweest
15:10 - Ashford & Simpson - Solid
15:21 - Douwe Bob - Slow Down
15:25 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
15:32 - Robin Thicke (Ft. T.I. & Pharrell) - Blurred Lines
15:43 - Fischer Z - So Long
15:51 - Van Dik Hout - Stil In Mij

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)