De repetysjes binne los! It is no echt ôftelle oant sneon...want dan is DE iepening fan Kulturele Haadstêd 2018!!! En wat fljocht de tiid, want as de dei fan juster yn septimber 2013 waard bekend dat LJOUWERT dé stêd waard, en no is it al safier. En dus is elkenien yn it spier...60 moaie projekten binne betocht troch in hiel soad minsken yn de provinsje, de stêd is foar in grut part al omtsjoend oant dé Kulturele Haadstêd fan Europa en muzikaal Fryslân makket him op om sneon te skitterjen mei de moaiste muzyk, sa ek Nynke Laverman. Wy ha har fan 'e middei te gast!
Fansels belje wy mei de harkers en de online redaksje komt del!