De middei fan Fryslân fan 24 maart 2016 13:00

    Lykas alle tongersdeis stiet hjoed wer yn it teken fan finyl. Mei de Vinyl Top 50 en fansels wer in finylgast! Hjoed is it Jan Seunenga fan Ljouwert dy't syn favorite platen meinimt. We begjinne dizze middei fansels mei Mariske Tuinier dy't ús bypraat oer de Vinyl Top 50. En we kinne jimme ferklappe: der is in nije nûmer ien!

    Halbe Jan Douma fan Opende studearret 'psychomotorische therapie' yn Swolle. Foar syn stúdzje sit hy no fjouwer moanne yn Sry Lanka. We belje mei him om te hearren hoe't it dêr mei him giet.

    Der stiene rjochtingoanwizingsbuordsjes mei "Naar Zee" yn it sintrum fan It Hearrenfean. En op mear plakken stiene dy buordsjes. Wat diene sy dêr eins? It die bliken dat de band Vangrail se pleatst hie as publisiteitsstunt foar harren nije single "Naar Zee". Raynaud Ritsma fan Vangrail sil opheldering jaan oer dizze stunt.

    Mariske Tuinier oer de Vinyl Top 50

    • Mariske Tuinier oer de Vinyl Top 50

    Halbe Jan Douma fan Sry Lanka

    • Halbe Jan Douma fan Sry Lanka

    Raynaud Ritsma fan Vangrail oer nije single Naar de Zee

    • Raynaud Ritsma fan Vangrail oer nije single Naar de Zee

    Ronald van der Pol fan de onlineredaksje

    • Ronald van der Pol fan de onlineredaksje

    13:09 - Nik Kershaw - I Won't Let The Sun Go Down On Me
    13:13 - Arthur Baker - The Message Is Love
    13:24 - Anouk - Run Away Together
    13:30 - Ten Sharp - You
    13:35 - Bill Withers - Just The Two Of Us
    13:40 - Trijntje Oosterhuis - De Zee
    13:50 - Common Linnets - In Your Eyes


    14:06 - George Baker Selection - Little Green Bag
    14:11 - Madonna - Into The Groove
    14:22 - U2 - With Or Without You
    14:30 - Robbie Williams - Candy
    14:35 - Lukas Graham - 7 Years
    14:48 - Farm - All Together Now
    14:52 - Nolan Sisters - I'm In The Mood For Dancing


    15:07 - Sydney Youngblood - If Only I Could
    15:37 - Gilbert O'sullivan - Get Down
    15:44 - Shawn Mendes - Stitches
    15:50 - Andre Hazes - Geef Mij Je Angst

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)