De middei fan Fryslân fan 24 april 2019 13:00

    It is wer tiid foar ús moanlikse boekehoekje! Fansels is der ek de Plaat fan de Middei én de kulinêre tip fan Reitse Spanninga! 

    It boekehoekje mei Ronnie Terpstra

    Do hast it miskien wolris foarbykommen heard yn dit programma it Boekehoekje. En dat boekehoekje kaam foarby by bygelyks de Boekewike 2019, mar ek yn de hiele moanne Read A New book Month ôfrûne septimber, mar dat boekehoekje is sa leuk en gesellich, dus tochten wy fan De middei fan Fryslân, dit moat gewoan alle moannen, op de lêste woansdei fan de moanne, dan nimme we mei boeke-ekspert Ronnie Terpstra, want dy wit it toch altyd wer skitterjend te fertellen, alle nijste releases of de moaiste peareltsjes fan boeken troch. Hjoed it non-fiksje boek Nacht in Tsjernobyl en de roman Klein Engeland. 

    De Menút fan Reitse

    Woansdei 24 april: Guacamole

    Guacamole is in Meksikaanske dipsaus makke fan avokado. It griene smarseltsje is ferslavend lekker! Net dreech om te meitsjen. Wat ha je nedich: Ripe avokado's, sipeltsje, sitroen, koriander, tomaatblokjes, knyflok, piper en sâlt. Snipperje de sipels, hak de koriander, snij de tomaat yn blokjes, en hak de knyflok tige fyn. Doch alles troch elkoar en as lêste de ripe avokado dertroch prakke mei sitroensop, piper en sâlt. Sels meitsje ik it faak noch wat pittiger mei tabasko. It lekkerst is de guacamole wannear't it krekt makke is. Lêsten krige ik in tip fan in kollega, hy sei...wolst it wat langer goed hâlde? Dan moatst de pit fan de avokado deryn ferstopje...dan bliuwt it farsker....dat ha ik noch net besocht mar wa wit miskien wurket it. Noch in tip: meitsje jo je soargen oer de knyflokazem dy't je krije by it iten fan dizze lekkernij...nim dan in glês molke nei it snobjen...en je kinne gewoan oeral wer hinne! Oant moarn!

    13:05 - Robbie Williams - Millennium
    13:09 - Vangrail - Heerlijke Heerlijkheid
    13:14 - Madonna + Maluma - Medellin
    13:19 - Gurbe Douwstra & De Sadelrukers - Thus
    13:23 - Abc - The Look Of Love
    13:26 - Glennis Grace & Edwin Evers - Wil Je Niet Nog 1 Nacht
    13:36 - George Harrison - Got My Mind Set On You
    13:40 - Yola - Faraway Look
    13:50 - Robyn - With Every Heartbeat
    13:54 - Love Affair - Everlasting Love
    13:56 - Andre Hazes - Verslaafd Aan Jou [Live In Ahoy]
    14:06 - Ike & Tina Turner - Baby Get It On
    14:09 - Charlie Puth Ft. Selena Gomez - We Don't Talk Anymore
    14:16 - Mosken - Juf
    14:19 - Lizzo - Juice
    14:22 - Wham - Wake Me Up Before You Gogo
    14:35 - Dermot Kennedy - Power Over Me
    14:38 - Sister Sledge - Lost In Music
    14:46 - Alanis Morissette - Hand In My Pocket
    14:50 - Syb - Ien Klap
    14:54 - Gwen Stefani - The Sweet Escape


    15:04 - Toploader - Dancing In The Moonlight
    15:07 - Rolling Stones - Undercover Of The Night
    15:14 - Clean Bandit Ft. Ellie Goulding - Mama
    15:17 - Something Happens - Parachute
    15:21 - Davina Michelle - Duurt Te Lang
    15:23 - Goo Goo Dolls - Iris
    15:37 - Ronde - Why Do You Care
    15:41 - Dean Lewis - Stay Awake
    15:45 - E.L.O. - Mr. Blue Sky
    15:50 - Bauke Van Der Woude Kombo - Sa Moai
    15:53 - Lobo - Me And You And A Dog Named Boo

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)