De middei fan Fryslân fan 23 maart 2016 13:00

De middei fan Fryslân is hjoed live op lokaasje! Wy steane op de Business Contact Dagen Noord yn it Ljouwerter WTC Expo. Dus wolle jo wolris sjen hoe't wy radio meitsje? Kom dan gesellich efkes lâns en sjoch by de útstjoering.

Us ferslachjouwer Jantine Weidenaar fleant der út op dizze beurs. Sy giet op syk nei bysûndere saken en minsken dy't hjir op de beurs omrinne.

Fansels hawwe wy fan 'e middei rom omtinken foar de bedriuwen dy't op de Business Contact Dagen stean, mar ek Albert Bosscha, projektdirekteur fan de Dutch Solar Challenge 2016 komt del. Hy sil ús alles fertelle oer de rûte fan dit jier en de aktiviteiten der omhinne.

En fansels wurdt der wer fanatyk spile yn de kwis Dûbeld Op.

Friesland Beweegt

Albert Bosscha fan Dutch Solar Challenge

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)