De middei fan Fryslân fan 23 april 2019 13:00

    Hjoed skitterend nijs fan Tim Douwsma en fûgelekspert Jan de Boer oer de dei dat de nestcam út set is. 

    Jan de Boer oer de lêste dei fan de nestcam

    Sa út en troch hearden wy de ôfrûne wiken efkes by fûgelekspert Jan de Boer fan it Fryske Gea, hoe't de flagge derfoar stie op de nestcam. Mar hjoed is it de lêste kear dat we us yn de wrâld fan de rôffûgels ferdjipje... want hjoed is de kamera út set. Wêrom? Is dat wat gebeurd...? Of it it tsjinoergestelde......wie it hiel stil.....?

    Tim Douwsma wurdt heit!

    Grut nijs fan Tim Douwsma en syn freondinne Elske Wind, sy wurde yn de hjerst fan dit jier....heit en mem! Tim fertelt alles oer dit nijs yn De middei fan Fryslân. 

    De Menút fan Reitse

    Tiisdei 23 april: Hin op in bierblikje
    Moai waar dus de BBQ kin oan! Ik ha hjoed in leuk en maklik resept. It begint mei in goed produkt...dus keapje in moaie hele skarrelhin by jo slachter. Stek dernei de BBQ as folget oan: Brûk in brikettenstarter, dat is in feilige en maklike manier om de briketten hyt te meitsjen. In bultsje gleonhite briketten oan de iene helte fan de BBQ en in bultsje oan de oare helte fan de BBQ. Yn de midden mei neat lizze, dêr lizze jo in dripskaal tusken de briketten. Doch yn de holte fan de hin in lekkere hinnerub, dy kinne jo sels meitsje of keapje. Mar ek farske krûden sa as laurier en in lyts takje roazemaryn yn de hin dwaan. No de hiele hin ynwriuwe mei de hinnerub. Meitsje it bierblikje iepen en skink in heal gleske yn foar dysels...dêrnei de hin op it bierblikje sette. Safier dat de hin rjochtop sit. Dat liket snoad! No de bûtenkant oliifoalje drippelje en set de hin yn it midden fan de BBQ en doch it deksel ticht! Ûngefear 50 minuten op de BBQ. It bier stoomt de hin fan binnen gear en de bûtenkant krijt in knapperige laachje. In geweldich resept foar in moaie maitiidsjûn! Lekker ite!

    13:06 - Aswad - Shine
    13:09 - Simon Webbe - Coming Around Again
    13:17 - Anouk - Million Dollar
    13:20 - Sytse Haima - Wat Fliksto My No
    13:23 - Talk Talk - Life's What You Make It
    13:34 - Lionel Richie - Dancing On The Ceiling
    13:38 - John Legend - Preach
    13:47 - Lenny Kravitz - Again
    13:50 - Yvonne Elliman - If I Can't Have You
    13:53 - Verve - Bitter Sweet Symphony
    14:04 - Staci Lettislaw - Jump To The Beat
    14:07 - Coldplay - A Sky Full Of Stars
    14:14 - Joop Obama - Heit
    14:17 - Pink - Walk Me Home
    14:20 - Aretha Franklin & George Michael - I Knew You Were Waiting For Me
    14:24 - Jason Mraz - Have It All
    14:34 - Panic At The Disco - High Hopes
    14:37 - Bryan Ferry - Let's Stick Together
    14:43 - Arthur Baker - Love Is The Message
    14:48 - Twarres - Do
    14:51 - Keane - Crystal Ball
    14:55 - Spandau Ballet - Gold


    15:06 - Ronan Keating - Lovin' Each Day
    15:09 - B-52's - Love Shack
    15:22 - Train - Drops Of Jupiter (Tell Me)
    15:26 - Manic Street Preachers - Motorcycle Emptiness
    15:35 - Justin Bieber - What Do You Mean
    15:38 - Dennis Van Aarssen - Modern World [Voice Liveshow]
    15:43 - Martha Reeves & The Vandellas - Dancing In The Street
    15:45 - Weima & Van Der Werf - Boartsje
    15:49 - Lucilectric - Madchen
    15:52 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
    15:55 - Sam Smith & Normani - Dancing With A Stranger

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)