De middei fan Fryslân fan 22 novimber 2018 13:00

    Thanksgiving day yn Amearika. En moarn Black Friday yn Fryslân. In fenomeen dat oerwaaid is út Amearika mei grutte koartingen yn de winkels. Mar is it sa foardielich? Of wurde we gewoan foar de gek hâlden?

    En we ha ek wer besite hjir yn de studio, fan ien fan de Froulju fan Fryslân, en hjoed is dat Tytsje Porte. Sy hat in stânbyld op It Hearrenfean en is ien fan de 6 'Froulju fan Fryslân' dêr't in stânbyld én in tv-searje fan makke is, en jûn sjogge we de ôflevering oer Tytsje mar fanmiddei is se dus yn de studio.

    En fansels is it hjoed ek wer tiid foar Femke's Voicemail. Litsto ek in berjochtjse achter yn de voicemail?

    Froulju fan Fryslân: Tytsje Porte fan Stiens

    Se hat in stânbyld op iI Hearrenfean, en hjoed is is yn de studio. Tytsje Porte fan Stiens. Se is ien fan de 6 'Froulju fan Fryslân' dêr't in stânbyld én in tv-searje fan makke is, en jûn sjogge we de ôflevering oer Tytsje.

    Finansjeel ekspert Erica Verdegaal oer Black Friday yn Fryslân

    Flinke koartingen, wa wurdt der net gelokkich fan? En foaral no, mei dy djoere desimbermoanne foar de doar. Moarn is it Black Friday, in út Amearika oerwaaid kommersjeel fenoneem wêrby't talloaze winkels harren produkten foar folle legere prizen fan de hân dogge. En sûnt in jier as trije is dit keapfeest ek yn Fryslân te finen...en ik sil dy fertelle..minsken stean derfoar yn de rige.

    Mar tsjinstanners dêrfan roppe op dat it foaral op mislieding giet. En hoe't dat no sit, dat bepraat ik mei ús finansjeel ekspert fan De middei fan Fryslân, Erica Verdegaal. 
    Sy wit alles fan marketingstrategyen, de beurs en hoe't we ús jild op in wize manier besteegje kinne.

    13:05 - Peter Gabriel - Sledgehammer
    13:10 - Enrique Iglesias - Rhythm Divine
    13:17 - Kraantje Pappie & Joshua Nolet - Liefde In De Lucht
    13:21 - Jan Tekstra - Famke Famke
    13:25 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
    13:36 - Abc - The Night You Murderd Love
    13:41 - Douwe Bob - Shine
    13:49 - Rihanna - Diamonds
    14:04 - Michael Jackson - Wanna Be Startin' Somethin'
    14:08 - Racoon - Laugh About It
    14:14 - Krijn Dijkstra - Moai Leaf Minske
    14:17 - Calvin Harris & Sam Smith - Promises
    14:20 - Corrs - Breathless
    14:24 - Craig David - Walking Away
    14:35 - Revivalists - All My Friends
    14:39 - Spandau Ballet - Gold
    14:44 - B-52's - Love Shack
    14:49 - Adele - Hello
    14:53 - Sebeare - Lit Us Gean


    15:07 - Justin Bieber - What Do You Mean
    15:10 - Van Dik Hout - Stil In Mij
    15:19 - Roosevelt - Losing Touch
    15:23 - Alison Moyet - Is This Love
    15:35 - Vanvelzen - Baby Get Higher
    15:39 - Jan Smit - Ik Zie
    15:43 - Goo Goo Dolls - Iris
    15:47 - Iris Kroes - Moving On Out
    15:51 - Jimmy Cliff - Reggea Night
    15:55 - Davina Michelle - Duurt Te Lang

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)