De middei fan Fryslân fan 22 maart 2016 13:00

De middei fan Fryslân is hjoed live op lokaasje! Wy steane op de Business Contact Dagen Noord yn it Ljouwerter WTC Expo. Dus wolle jo wolris sjen hoe't wy radio meitsje? Kom dan gesellich efkes lâns en sjoch by de útstjoering.

Fansels hawwe wy fan 'e middei rom omtinken foar de bedriuwen dy't op de Business Contact Dagen stean, mar wy belje ek efkes mei Wiebe Damstra. Dit peaskewykein iepenje de pretparken harren doarren wer foar de besikers. Elk park hat fansels nije attraksjes om minsken te lûken. Mar wêr moatte wy de kommende tiid echt hinne? Wiebe Damstra wurket as projektlieder oan de meast spektakulêre attraksjes en achtbanen. Dus hy wit krekt wêr't wy wêze moatte.

En fansels wurdt der wer fanatyk spile yn de kwis Dûbeld Op.

Chris Kalsbeek oer de feiling foar it Ronald McDonaldhûs

Wiebe Damstra oer de meast spektakulêre attraksjes en achtbanen

Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)