Wy bliuwe dizze middei efkes yn de Pyeongchang sfearen sitten, want wêr tinksto oan...ast it hast oer wat typysk Amerikaansk.. pompons en cheers? Hast it fêst wolris sjoen op tv of yn de film. Mar wy Friezen binne der ek geweldich goed yn: want wy ha dus op it stuit in team cheerleaders yn Pyeongchang op de Olympyske Spelen. Ik ha dit jier al earder mei de froulju belle doe't se har opmakken en noch drok oan it repetearjen wiene, mar de froulju fan de Frisian Cheer Stars fan It Hearrenfean hat Femke fan 'e middei oan de telefoan!
De Friezen binne dêr as ûnderdiel fan in lanlik team, mei yn totaal sa'n tweintich cheerleaders. Doel fan de reis is it oanpriizgjen fan it cheerleaden, om der in offisjele Olympyske sport fan te meitsjen. It cheerleaden is oardel jier lyn yn earste ynstânsje wol erkend, mar noch net oan it Olympysk programma taheakke. Om dy kâns sa grut mooglik te meitsjen, gean de cheerleaders dit wykein nei Pyeongchang. Der wurde gjin offisjele wedstriden hâlden, mar it team komt yn aksje tusken oare wedstriden yn en by de slutingsseremoanje.