De middei fan Fryslân fan 22 febrewaris 2016 13:00

Geert van Tuinen begjint de middei mei âld-politika Magda Berndsen. Berndsen wie boargemaster yn Obdam en Beverwijk en korpssjef by de plysje. Fan 2010 oant 2015 siet se nammens D66 yn de Twadde Keamer. Ferline jier makke se bekend dat se út de Twadde Keamer stapt, om't se it rêstiger oandwaan wol. Benammen de reistiid fan har wenplak Burdaard nei Den Haach foel har te swier, liet se witte. Mar hoe is dizze politika, berne yn Leiden, yn Fryslân belâne? Geert van Tuinen dûkt oan de hân fan trije muzyknûmers yn de skiednis fan Magda Berndsen.

Wy belje wer efkes mei Jan Folkert de Vries. Tegearre mei syn maat Jan-Peter die er mei oan The Barrel Challenge. Beide manlju rieden yn in âlde Audi nei Italië. Hoe is de reis gong? En wat ha se ûnderweis allegear meimakke?

En fansels ha wy wer kontakt mei in Fries om utens. Dit kear is dat Jelmer Hoekstra. Hy wennet en wurket no goed twa jier yn Las Vegas, Amearika. Foar syn stúdzje oan de filmakademy yn Amsterdam mocht er staazje rinne yn Amearika. Op dit stuit wurket er by in bedriuw dat spultsjes makket foar de gokkasten yn kasino's. En wêr kinst dan better wenje as yn it gokparadys Las Vegas! Jelmer is boppedat grut Cambuur-fan. Faak harket er nei de streekrjochte ferslaggen fan Geert van Tuinen om te witten hoe't syn klupke it docht. En Cambuur is altyd in bytsje by him, want op de nûmerplaten fan syn auto hat er it logo fan de Ljouwerter fuotbalklup stean.

En Lars Hoekstra fan de Online Redaksje praat ús by oer it lêste nijs op it ynternet.

Magda Berndsen wie te gast yn de studio

Jan Folkert de Vries die mei oan The Barrel Challenge

Jelmer Hoekstra wennet en wurket yn Las Vegas

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:10 - Bruce Springsteen - Dancing In The Dark
13:15 - Counting Crows - Big Yellow Taxi
13:32 - Dr. Alban - Sing Halleluja!
13:46 - Charles Aznavour - La Boheme (Remasterise)


14:05 - Johnny Cash - Ring Of Fire
14:09 - Aretha Franklin & George Michael - I Knew You Were Waiting For Me
14:20 - Bryan Ferry - Let's Stick Together
14:23 - Dua Lipa - Be The One
14:29 - Eric Clapton - Tears In Heaven (Unplugged)
14:36 - Vanvelzen - Baby Get Higher
14:40 - Elske Dewall - Black Water
14:48 - Chicago - Hard To Say I'm Sorry
14:54 - Madcon (Ft. Ray Dalton) - Don't Worry


15:05 - Cure - Friday I'm In Love
15:10 - Sheena Easton - 9 To 5 (Morning Train)
15:22 - Kensington - Done With It
15:27 - Jaap Louwes & Tet Rozendal - In Drinkliet (Fsg2014)
15:36 - Michael Jackson - Rock With You
15:45 - Blondie - Call Me
15:53 - Frans Duijts - Jij Denkt Maar Dat Je Alles Mag Van Mij
Share this page on:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
(advertinsje)