De middei fan Fryslân fan 21 novimber 2019 13:00

    Goeiemiddei, it is hjoed tongersdei 21 novimber. Wolkom by in nije Middei fan Fryslân!

    Fannemiddei ha wy wer in fol programma. Boskwachter Gjerryt Hoekstra fertelt ús alles oer de natuer no yn it winterskoft. Want wat dogge de bisten no eins om it waarm te hâlden? Ek komt kollega Wim Brons by ús del, want fanôf sneon kinst wer stimme foar de Fryske Top 100. Wim fertelt ús hoe't de Fryske Top 100 eins ûntstien is en wat syn ferwachtings binne foar dit jier.

    Dêrneist is der wer in nije menút fan Reitse en giet de Plaat fan de Middei oer... 'hello!'

    Boskwachter Gjerryt Hoekstra oer de natuer yn de winterstân

    Hoe is de Fryske Top 100 eins ûntstien? Wim fertelt it dy!

    De menút fan Reitse

    Elts wykein makke myn Mem froeger altyd har cake. Frij fan skoalle stie ik der mei myn noas boppe-op. Ik wachte mar op ien ding...de garde ôfslikke, of de panne útslikje. Cake is net muoilik te meitsjen. 200 gram sûker, 200 gram bûter, 200 gram blom en 4 aaien en raspte sitroen skyl. Sla de sûker mei de bûter luchtich doch der ien foar ien in aai by, en as leaste de blom der troch spatelje. De cakefoarm ynsmarre mei bûter beslach deryn en 25 oant 35 minuten yn in oven fan 180°C. Wannear de cake klear? Dat kinne jo sjen mei in lange saté prikker. Stek disse deryn, komt dy der skjin út? Dan is de cake gear. En dan noch in tip fan myn mem: Losse út it blik op in skjinne ôfdroegersdoek wer je wat sûker op streaut ha, dan plakt de cake net oan it oanrjocjt fêst. Lekker foar by de tee! In goed wykein!

    14:03 - Kool & The Gang - Get Down On It
    14:07 - Pink - What About Us
    14:19 - Vocal Roses - In Echte Frou Drinkt Bier
    14:22 - Suzan & Freek - Blauwe Dag
    14:25 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
    14:37 - Dua Lipa - Don't Start Now
    14:39 - Boz Scaggs - Lido Shuffle
    14:44 - Shania Twain - You're Still The One
    14:50 - Sebeare - Ik Tink Oan Dy
    14:52 - Toploader - Dancing In The Moonlight


    15:04 - Mark Ronson Ft. Amy Whinehouse - Valerie
    15:07 - Billy Joel - We Didn't Start The Fire
    15:15 - Keane - Love Too Much
    15:18 - Volumia - Afscheid
    15:23 - Rolf Sanchez & Emma Heesters - Pa Olvidarte
    15:33 - Bruno Mars - Treasure
    15:36 - James Blunt - Cold
    15:42 - John Paul Young - Love Is In The Air
    15:45 - Twarres - Do
    15:53 - Adele - Hello
    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't delkomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Friezen om utens; it komt oan Femke de Walle foarby. Hokker lêste plaat kiest it publyk hjoed?
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)