De middei fan Fryslân fan 21 juny 2016 13:00

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Yvonne Groenewoud siket dielnimmers foar de Jan Haringrace yn Monnickedam

Yvonne Groenewoud út Monnickeam sit al 24 jier yn de organisaasje fan de Jan Raringrace. Dit is in sylrace foar tradysjonele platboaiem skippen, de âlderwetske brûne float. De Jan Haringrace wurdt dit jier hâlden op 9 en 10 juli en der dogge tradysjegetrou ek altyd in soad platboaiem skippen út Fryslân mei. Mar dit jier falt de opjefte wat ôf. Fandêr de Help-fraach fan Yvonne. Wa wol meidwaan oan de Jan Haringrace yn Monnickedam? Opjaan kin fia http://www.janharingrace.nl/inschrijven/

Jantine Weidenaar fertelt wer fan alles oer it EK Fuotbal

Kollega Jantine Weidenaar praat ús wer efkes by oer it EK fuotbal yn Frankryk.

Janneke Abma-Horjus sil al hast wer nei hûs

Wy ha wer efkes kontakt mei Janneke Abma-Horjus. Janneke is 1 maaie begûn oan har reis op de Vespa scooter nei Rome. Koartlyn is har man ferstoarn en omdat sy tegearre fanatike Itaalje leafhawwers wiene, hat Janneke besletten om ta neitins oan har man foar har 50e jierdei in tocht nei Itaalje te meitsjen. Se is dêr yntusken al wer in skoftke en fermakket har prima. Dit wykein brocht se in besite oan it Piaggio museum yn Pontedera.

Sjon Jorritsma is miskien wol de leukste kroechbaas fan Nederlân

En kroechbaas Sjon Jorritsma fan it Ljouwerter kafé De Pastorie is miskien wol de leukste kroechbaas fan Nederlân. Hy sit by de bêste tsien. En dat hie er net tocht. Hy is opjûn troch ien fan de fêste klanten. Sjon is al 11 jier kroechbaas fan De Pastorie. Hoe hâldt er dat fol? En wat soe er al dy jierren meimakke ha?

Lars Hoekstra fan de online redaksje skoot wer efkes oan

13:08 - Bananarama - Robert De Niro's Waiting
13:14 - Lukas Graham - 7 Years
13:23 - Piter Wilkens - De Muntsen
13:26 - Bluebells - Young At Heart
13:33 - Wind Earth & Fire - Boogie Wonderland
13:37 - Monkees - She Makes Me Laugh
13:48 - Nick & Simon - Pak Maar M'n Hand (Út Scheepsjongens Bontekoe)
13:51 - Lumineers - Ho Hey
13:55 - Daniel Lohues - Hier Kom Ik Weg
14:07 - Shocking Blue - Venus
14:13 - Riccardo Cocciante - Sincerita
14:17 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
14:27 - Bryan Adams - Summer Of 69
14:27 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
14:35 - Madcon - Beggin
14:40 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
14:49 - Stranglers - Golden Brown
14:53 - Bert Hadders En De Nozems - Elvis, Keuning Van De Bunermond

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)