De middei fan Fryslân fan 21 desimber 2017 13:00

    Hy sette earder dit jier syn buske al te keap mei it grutte plan om in reis te meitsjen ''Down Under'' Australië dus. De optredens op in leech pitsje en lit it aventoer mar begjinne...it wurdt dus in hiel bysûnder jier foar dizze man: ik sjoch mei him werom op 2017 en foarút nei 2018...ik haw it fansels oer Emiel Stoffers fan de Hûnekop! Foar mear ynformaasje kinst de Facebook side fan Emiel opsykje: facebook.com/thespectacles

    Kryststress. Elkenien wit dan fuort wêr't ik it oer ha. Ik ha it der earder dizze wike al oer hân mei in echte stresscoach...mar bliuw mar ris rêstich as it giet om it krystdiner. Want ja, it moat perfekt he. Moaie kearskes op tafel, it moaie servys, en ja...dan ek noch it iten! En dan haw ik it noch net iens oer of alles ek noch ris feganistysk moat of in dikke kalkoen dy't de hiele dei yn beslach nimt. Pfffffff....heech tiid om efkes wat advys te freegjen oan ús eigen kok Reitse Spanninga.

    En ek de online redaksje bringt besite oan Femke yn De middei fan Fryslân.

    Emiel Stoffers fan de Hûnekop

    Reitse Spanninga oer kryststress

    Stress foar it krystdiner?

    Om te begjinnen, de krystdagen is in feest fan tegearre wêze:
    Genietsje fan elkoar en dêr past stress net by!

    Dêrom krije jimme de folgjende tips fan Reitse:

    Meitsje in menu wat je earder dyn ha, dêr't je súkses mei skoare, gjin ingewikkelde saken fan kalkoenen dy't dochs net yn de ûne passe.

    It mei bêst wol kulinêr wêze, mar je moatte it earder makke ha, dan komme der gjin ferrassingen

    Meitsje boadskippelist, dan ha je nea te folle, mar ek net te min..

    Kopke sop?
    Meitsje de sop klear sa't je it altyd dogge.

    Draai it gehak en stopje it yn it siedende wetter, en skep se derút.
    Doch de sopgriente yn in seefke, en dompelje it ûnder yn de bûljon..
    Meitsje dernei de bûljon lekker mei in bûljonblokje of wat sâlt.
    Moatte we it ite? Doch earst de grienten mei de sopboltsjes yn de koppen. Jit de sop der oerhinne en fuort optsjinje.
    Altyd frisse sop, en eltsenien hat likefolle sopboltsjes!

    Byfstik
    Altyd op keamertemperatuer komme litte
    Koart tichtskroeie yn hjitte bûter

    Lit it mar rêste en ôfkuolje (jo kinne dat woltwa2 oeren fan te foaren dwaan)
    net yn de kuolkast lizze mar ôfdekke mei in skjinne skûlk

    Moatte we it ite? Dan de byfstik noch efkes fjouwer minuten yn in oven fan 180°C

    Grienten?
    Krekt net hielendal gear siede, je moatte it bite kinne.
    ôfkuolje litte en bewarje it grientefocht.
    Moatte we ite?
    Sied it grientefocht, doch der noch in klûntsje bûter yn, grienten yn it focht, siede litte, en de griente derút souwe
    Dizze metoade is geskikt foar:
    Spruten, woartels, brokkoly.

    Dessert (neigesetsje)?

    Meitsje it helendal klear, en doch de garnearring altyd op het lêtste momint

    Noflike krystdagen en...lekker ite!

    Reitse
     

    Ronald van der Pol fan de online redaksje

    13:06 - Taylor Swift - Shake It Off
    13:09 - Sia - Santa's Coming For Us
    13:16 - Rolling Stones - Love Is Strong
    13:19 - Beand & Skep - Sa Moai
    13:23 - Ed Sheeran - Shape Of You
    13:36 - Bluebells - Young At Heart
    13:39 - Alicia Keys - Empire State Of Mind (Part Ii) Broken Down
    13:47 - Lisa Lois - A Little Bit Of Christmas
    13:50 - Stevie Wonder - For Once In My Life
    13:53 - Paul Mccartney - Once Upon A Long Ago


    14:06 - Roxette - How Do You Do
    14:08 - Jonas Blue - Mama
    14:15 - Bruno & Judith - Sulveren Snie
    14:19 - Pink - What About Us
    14:23 - Katrina & The Waves - Walking On Sunshine
    14:37 - Mariah Carey - All I Want For Christmas Is You
    14:42 - Mike & The Mechanics - The Living Years
    14:49 - Chris Rea - Driving Home For Christmas
    14:53 - Marcel Smit - Leafde & Whisky


    15:05 - Echosmith - Cool Kids
    15:09 - Cher - If I Could Turn Back Time
    15:19 - Band Aid - Do They Know It's Christmas
    15:23 - Oasis - Wonderwall
    15:37 - Magic - Rude
    15:41 - Jona Lewie - Stop The Cavalry
    15:47 - Avicii Feat. Rita Ora - Lonely Together
    15:51 - Grytz & Grize - Route Soleil

    Femke de Walle

    De middei fan Fryslân

    Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
    Presintaasje: 
    Femke de Walle
    (advertinsje)